De hoarnde seepappegaai (Fratercula corniculata) is in fûgel út de famylje fan de alkfûgels.
Fersprieding De hoarnde seepappegaai libbet yn it noardlik part fan de Stille Oseaan, op rotseftige eilannen foar de kust fan East-Sibearje, Alaska en Britsk-Kolumbia.
Foarkommen De hoarnde seepappegaai hat in protte fan de seepappegaai dy't yn de Atlantyske Oseaan foarkomt. De hoarnde seepappegaai hat yn de briedtiid in giele snaffel mei in reade punt.
Iten De fûgels dûke yn de see nei fisk. Lykas seepappegaaien kinne se yn harren snaffel in grut tal fiskjes meinimme nei har nêst. Fierder ite se ek inketfisken en kreeften.
Fuortplanting De fûgels briede yn koloanjes tegearre mei oare soarten alkfûgels. Harren nêsten lizzen yn nissen yn de rotsen of tusken de stiennen. Elts jier wurdt mar ien jong grutbrocht.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Seepappegaai Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Iissee Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Beringsee Kategory:Lânseigen fauna yn de See fan Ochotsk Kategory:Lânseigen fauna yn de Japanske See