Riley Steele, echte namme: Brittni Anne Palmer (San Diego, 26 augustus 1987), is in Amerikaansk pornografysk aktrise, dy't neffens har offisjele opjefte 1.70 m lang is, mei in gewicht fan 52 kg.

Libben Jonkheid Steele waard berne yn 'e stêd San Diego, yn it uterste suden fan 'e steat Kalifornje, en groeide op yn Escondido, in noardlike foarstêd fan San Diego. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, wurke se yn in Starbucks-kofjesaak en yn in kafetaria op in golfbaan. Mei't se in grutte fan wie fan pornoaktrise Jesse Jane, reizge se yn 2005 alhiel nei Hollywood ta om har idoal in hantekening sette te litten op har eksimplaar fan 'e film Pirates. Se rekken oan 'e praat, en Jane rette har oan om it oars sels ris yn 'e pornoyndustry te besykjen. Mei Jane har kaartsje kaam Steele wer thús, en al die se der yn 't earstoan neat mei, se bewarre it wol. thumb|left|200px|Riley Steele (AVN Awards 2012)

Pornokarriêre Uteinlik, nei't se in pear jier oan it idee wenne kinnen hie, besleat se dochs noch op Jane har útstel yn te gean, en mei de gegevens it kaartsje naam Steele doe kontakt op mei foaroansteande filmstudio Digital Playground. Dat resultearre deryn dat hja yn 2008, doe't se 21 jier wie, har debút makke yn 'e pornografyske film Pirates II: Stagnetti's Revenge, it ferfolch op Pirates, dêr't it allegear mei begûn wie. Steele tekene daliks in kontrakt mei Digital Playground, en dat is oant hjoed de dei ta de iennichste studio wêrfoar't se wurke hat. Underwilens hat se yn 65 pornofilms spile, gauris mei har idoal Jesse Jane. Dêrmei hat se sûnt 2010 al 10 AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld) wûn, en ek nochris 11 nominaasjes foar AVN Awards yn 'e wacht sleept.

Yn 2012 makken Steele en har kollega-kontraktstjer by Digital Playground BiBi Jones bekend dat se harren út 'e pornoyndustry weromloeken fanwegen ûnthjitten dy't harren dien wiene mar net neikommen wiene. Dat nijs waard troch de media grut brocht, mar letter leine Steele en Jones út dat it in grapke fan harren kant wie en dat se net ferwachte hiene dat it serieus nommen wurde soe. Dêr foegen se oan ta dat se it yn 'e pornoyndustry krekt tige nei 't sin hiene en dat se der net oan tochten om op te hâlden. Yn septimber 2013 sleat Steele in nij kontrakt foar twa jier ôf mei regisseur Axel Braun.

Mainstream-karriêre Njonken har wurk yn pornofilms figurearre Steele yn 2010 ek, mei in stikmannich oare pornostjerren, yn 'e mainstream 3D-horrorkomeedzje Piranha 3D. Fierders naam se yn 2010 diel oan it Amerikaanske tillefyzjeprogramma Manswers, en yn 2011 oan 'e programma's Life on Top en NTSF:SD:SUV. Fierders hie se ek in byrol as mainstream-aktrise yn 'e HBO-searje The Girl's Guide to Depravity.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2010AVN Awardnominearrebêste triosekssêne f/f/m (mei Jesse Jane en Manuel Ferrara)Nursesnominearrebêste groepsekssêne (mei Stoya, Katsuni, Jesse Jane, Shay Jordan en Erik Everhard)Nursesnominearrebêste nije stjern.f.t.Xbiz Awardnominearrenije stjer fan it jiern.f.t.XRCO Awardnominearrenije stjern.f.t.2011AVN Awardnominearrebêste triosekssêne f/m/m (mei James Deen en Scott Nails)Riley Steele: Bar Pussynominearrebêste aktriseRiley Steele: Love Foolnominearreartyste fan it jiern.f.t.wûnbêste lesbyske groepsekssêne (mei Raven Alexis, Jesse Jane, Katsuni en Kayden Kross)Body Heatwûnpublykspriis foar meast idioate sekssêne (mei Raven Alexis, Jesse Jane, Katsuni en Kayden Kross)Body Heatwûncrossover-stjer fan it jiern.f.t.Xbiz Awardnominearrepornostjerwebside (foar RileySteele.com)n.f.t.nominearreartyste fan it jiern.f.t.wûncrossover-stjer fan it jiern.f.t.XRCO Awardwûnmainstream-pornomediafavoriten.f.t.2012AVN Awardnominearrebêste triosekssêne f/m/m (mei Erik Everhard en Scott Nails)The Masseuse 4nominearrebêste groepsekssêne (mei Jesse Jane, Kayden Kross, Stoya, BiBi Jones en Manuel Ferrara)Babysitters 2nominearrebêste groepsekssêne (mei Jesse Jane, Kayden Kross, Stoya, Selena Rose en Tommy Gunn)Top Gunswûnpublykspriis foar hytste sekssêne (mei Jesse Jane, Kayden Kross, Stoya, BiBi Jones en Manuel Ferrara)Babysitters 2wûnpublykspriis foar bêste lichemn.f.t.wûnpublykspriis foar favorite pornostjern.f.t.wûnpublykspriis foar twitterkeninginnen.f.t.NightMoves Awardwûnpublykspriis foar bêste folsleine lichemn.f.t.Xbiz Awardnominearreartyste fan it jiern.f.t.XRCO Awardnominearremainstream-pornomediafavoriten.f.t.2013AVN Awardnominearrebêste groepsekssêne (mei Jesse Jane, Kayden Kross, Selena Rose en Manuel Ferrara)Nurses 2wûnpublykspriis foar leaflingslichemn.f.t.wûnpublykspriis foar favorite pornostjern.f.t.Exxxotica Fan Choice Awardnominearreartyste fan it jiern.f.t.NightMoves Awardwûnpublykspriis foar bêste folsleine lichemn.f.t.RogReviews Fan Faves Awardwûnfavorite artysten.f.t.Sex Awardwûnbêste lichem fan 'e pornoyndustryn.f.t.wûnbêste man/frou-filmpear (mei Erik Everhard)n.f.t.Xbiz Awardwûnbêste sêne yn in fynjetpublikaasje (mei Erik Everhard)In Riley's Pantiesnominearrebêste lesbyske sêne (mei Jesse Jane, Kayden Kross, Selena Rose en Vicki Chase)Mothers & Daughters2014AVN Awardwûnbêste sêne yn in feature-film (mei Jesse Jane, Kayden Kross, Selena Rose, Stoya en Manuel Ferrara)Code of Honorwûnpublykspriis foar favorite pornostjern.f.t.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Riley Steele Biografy en filmografy fan Riley Steele yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Riley Steele yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Persoan berne yn 1987