thumb|300px|Rin fan de Somme yn Frankryk thumb|De Somme De Somme (Middelnederlânsk: Zomme, Flaamsk: Zoom) is in rivier yn Pikardje (Frankryk). De âlde Gallyske namme fan de rivier is Samar, 'de rêstige'. It is de rivier dy't it departemint Somme syn namme jûn hat. De Somme is 245 km lang, fan syn boarne yn it eardere Forest of Arrouaise by Fonsommes ûnder Saint-Quentin oant de Baai fan de Somme oan It Kanaal.
Ut de skiednis Op 27 septimber 1066 sette de ynvaazjefloat fan Willem de Oermasterder fan de mûning by Saint-Valery-sur-Somme ôf nei Ingelân. Yn 1916, ûnder de Earste Wrâldoarloch, wie by it plak Péronne de Slach oan de Somme; goed in miljoen minsken ferlearen it doe libben. Yn 2001 wiene der slimme oerstreamingen yn de delling fan de Somme.
Sydrivieren De grutste sydrivieren binne de Avre en de Ancre. Linker sydrivieren: Avre Selle Saint-Landon Airaine Amboise AncreRjochter sydrivieren: Omignon Cologne Tortille Ancre Hallue Nièvre Scardon
Plakken oan de Somme Fonsomme Saint-Quentin Saint-Simon Ham Péronne Corbie Amiens Abbeville Saint-Valery-sur-Somme
Keppeling om utens
Kategory:Geografy fan Opper-Frankryk Kategory:Rivier yn Frankryk