D.C. Lewis, skûlnamme fan Ruud Eggenhuizen (Arnhim, 27 jannewaris 1947 - dêre, 28 april 2000) Stambeam Maarten Meulendijks mei foto's Eggenhuizen, syn earste frou Paulien Niemeyer, âldste soan Waldo en pakesizzer Yara Cindell Eggenhuizen, wie in Nederlânsk sjonger. Hy waard ferneamd fan syn nûmer 1-hit Mijn gebed Knipsel Volkskrantblog "Gebed Zonder Eind" 29-12-2007 mei ferwizings nei boarnen , wêrmei't er yn 1970 sechtjin wiken yn in de Nederlânske Top 40Nederlandse Top 40 Jaarlijsten 1970, 1971 stie en ek trettjin wiken yn de Hilfertsom 3 Top 30, wêrfan fjouwer wiken op nûmer 1.

D.C. Lewis die yn 1970 mei it liet Linda mei oan it Nasjonaal Songfestival, mar waard net ôffurdige nei it Eurofyzjesongfestival.Eurovision Artists: D.C. Lewis - Linda 3e plak mei 2 punten by it Songfestival fan 1970 Letter hie er noch twa lytse hits, Zijn testament (#23 yn de Top 40 en #24 yn de Top 30) en Eva Magdalena (#33 yn de Top 40). Dêrnei trede Lewis noch in skoft op mei de Dance and Showband fan José Marcello. Biografy Encyclopedie Muziek Centrum Nederland

Yn de jierren '80 waard by Eggenhuizen fibromyalgy fêststeld. Hy stoar yn de âldens fan 53 jier oan in hertstilstân en waard beïerdige op it Arnhimske begraafplak MoscowaFoto grêf.

Hitnotearring Hilversum 3 Top 30 "Mijn gebed" 24-01-1970 o/m 18-04-1970Wike:12345678910111213Plak:101111334915162126derút

Hilversum 3 Top 30 "Zijn testament" 11-07-1970 o/m 18-07-1970Wike:12Plak:2524derút

Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Sjonger fan it libbensliet Kategory:Súdgeldersk persoan Kategory:Persoan berne yn 1947 Kategory:Persoan stoarn yn 2000