Jorge Luis Borges (Spaanske útspr.: ['xorxe 'lwis 'borxes] ( audio)), folút: Jorge Francisco Isidoro Luis Borges Acevedo (Buenos Aires, 24 augustus 1899 – Sjenêve, 14 juny 1986) wie in Argentynsk skriuwer fan koarte ferhalen, essayist, dichter en oersetter. Hy wurdt sjoen as de grûnlizzer fan it literêre sjenre fan it magysk reälisme, mar hy droech ek by oan sawol de filosofy as de fantasy- en detektivesjenres. Syn bekendste boeken, Ficciones (1944) en El Aleph (1949), binne bondels ferhalen mei in mienskiplik tema. Borges wie fan berop bibletekaris en waard letter direkteur fan 'e Nasjonale Bibleteek fan Argentynje, en teffens perfester yn 'e literatuer oan 'e Universiteit fan Buenos Aires. Syn wurk waard bekroane mei ferskate prestizjeuze prizen, mar net mei troch him sa begeare Nobelpriis foar de Literatuer. Borges spriek in ferskaat oan talen floeiend, en sette wurken út it Ingelsk, Frânsk, Dútsk, Aldingelsk en Aldnoarsk oer yn it Spaansk. Geandewei syn libben seach er almar minder, en úteinlik waard er blyn. Men wol wol hawwe dat dat alteast foar in part de grûnslach foarme fan syn ynnovative literêre symbolyk. Hy stoar oan leverkanker yn 'e âlderdom fan 87 jier.
Libben Jonkheid Jorge Luis Borges waard op 24 augustus 1899 berne yn in begoedige middenklasse-fermidden yn 'e Argentynske haadstêd Buenos Aires. Syn mem, Leonor de Acevedo Suárez, kaam út in Urûguayaanske famylje fan puer "kreoalsk" (Spaansk) komôf, dy't djip behelle west hie yn 'e kolonisaasje fan Súd-Amearika. Leonor har heit en Borges syn pake, Isidoro de Acevedo Laprida, wie in oarlochsheld, dy't yn 'e slaggen by Cepeda, yn 1859, Pavón, yn 1861, en Los Corrales, yn 1880, fochten hie. Borges syn heit, Jorge Guillermo Borges Haslam, hie foar de helte Ingelsk bloed, wylst er fierders foar in fearn fan etnysk Spaansk en in fearn fan etnysk Portegeesk komôf wie. Borges sr. wie troch syn mem Ingelsktalich grutbrocht, en naam syn eigen gesin letter gauris mei op reis nei Jeropa. Fan berop wied er abbekaat en dosint psychology, mar hy woe graach skriuwer wurde. Syn soan, mei wa't er in tige goede bân hie, skreau letter dat him dat nea slagge wie. Oer himsels skreau Jorge Luis Borges: "om't de measten fan myn folk soldaten west hiene, en ik wist dat ik dat nea wêze soe, skamme ik my, doe't ik noch hiel jong wie, dat ik in boekich persoan wie en gjin man fan aksje."
Doe't er njoggen jier wie, sette Borges Oscar Wilde syn The Happy Prince oer yn it Spaansk. De fertaling waard publisearre yn in pleatslik tydskrift, mar elkenien miende dat Borges syn heit de wiere oersetter wie. Borges krige oant syn alfde oan hûs twatalich Ingelsk-Spaansk ûnderwiis. Letter seid er dat as er it wichtichste foarfal út syn libben neame moast, dat dat perfoarst syn heite bibleteek fan mear as tûzen boeken west hie. Om't syn eagen almar minder waarden, in genetyske krupsje dêr't Borges sels letter ek mei oanhelle reitsje soe, moast syn heit úteinlik syn abbekaatspraktyk opjaan. Yn 1914 ferfear it gesin nei it Switserske Sjenêve, dêr't syn heit eachhielkundige behannelings ûndergie, wylst Borges en syn suster Norah der nei skoalle giene. Yn 1918 rûne er syn oplieding oan it Collège de Genève ôf, mar syn âldelju besleaten fanwegen de ûnlijige politike sitewaasje yn Argentynje, om foarearst mar yn Jeropa te bliuwen. Sadwaande bleau it gesin noch in jier yn Switserlân, en dêrnei brochten se nochris trije jier troch op ferskate plakken yn Jeropa: yn Lugano en yn Barseloana, op Majorka, yn Sevilla en yn Madrid. Wylst er yn Spanje wenne, kaam Borges yn 'e kunde mei de literêre avant-garde, en syn earste gedicht, Himno del Mar ("Hymne fan de See"), dat publisearre waard yn it tydskrift Grecia, hong oer nei it nijmoadrige imazjisme. left|thumb|180px|Borges yn 1921.
Iere karriêre Yn 1921 kearde Borges mei syn âldelju en suster werom nei Buenos Aires. Hoewol't er net folle formeel ûnderwiis genoaten hie en oer diploma's noch freonen beskikte, sette er mei faasje útein mei syn karriêre as skriuwer en dichter. Hy publisearre surreälistyske gedichten en essay's yn literêre tydskriften, en wist dêrmei yn koarte tiid yn literêre fermiddens in beskate reputaasje op te bouwen. Yn 1923 publisearre er syn earste dichtbondel, mei as titel Fervor de Buenos Aires. Teffens wied er belutsen by de oprjochting fan ferskate literêre tydskriften. Fan 1933 ôf wurke er in hoart as redakteur by de krante Crítica, en yn 'e twadde helte fan 'e jierren tritich wied er yn 'e tsjinst by de útjouwerij Emecé Editores. Yn 1938 wist er in baan as bibliotekaris te bemachtigjen by de Gemeentlike Bibleteek fan Buenos Aires, yn 'e arbeiderswyk Miguel Cané. Dêr wiene mar sa'n bytsje boeken, dat der waard him te ferstean jûn dat er de rest fan it biblioteekpersoniel yn diskredyt bringe soe as er deis mear as hûndert werombrochte boeken teplak sette. Sadwaande bestege er deis in oerke oan 'e bibleteek en gie er de rest fan 'e tiid yn 'e kelder sitten, dêr't er him oan syn skriuwwurk wijde.
Tsjin 'e midden fan 'e jierren tritich begûn er him ek ta te lizzen op it skriuwen fan koarte ferhalen, dy't er gauris publisearre yn it tydskrift Sur ("Súd"), dat yn 1931 oprjochte wie troch Victoria Ocampo. Dyselde brocht Borges yn 'e kunde mei Adolfo Bioy Casares, in ferneamd Argentynsk skriuwer, dy't in goede freon fan Borges wurde soe, mei wa't er geregeldwei gearwurke. Tegearre skreaune se û.m. in parody op in detektiverige en ûnderskate fantasyferhalen. Yn 1936 brocht Borges de bondel Historia Universal de la Infamia ("In Universele Histoarje fan Skanddieden") út, wêryn't er twa soarten geskriften gearbrocht hie: essays en non-fiksjonele koarte ferhalen, en literêre ferfalskings, dêr't er fan úthold dat it oersettings fan syn hân wiene fan fergetten rekke wurken fan bûtenlânske skriuwers.
Yn 1938, koart nei syn heite ferstjerren, rekke Borges slim ferwûne oan 'e holle, en ûnder de behanneling rûn er bloedfergiftiging op, wêrby't er it by de dea om 't ôf rêde. Wylst er dêrnei oan it opbetterjen wie, begûn er te eksperimintearjen mei de skriuwstyl dêr't er letter ferneamd om wurde soe. Syn earste ferhalebondel, El Jardín de Senderos Que Se Bifurcan ("De Tún fan 'e Paden Dy't Har Opspjalten"), ferskynde yn 1941. De kritiken wiene loovjend, en it boek waard oer it algemien troch it publyk goed ûntfongen, mar de literatuerprizen dy't mannigenien foar him ferwachte hie, bleaune út.
Lettere karriêre right|thumb|200px|Borges yn 1951. Borges hie sterke politike opfettings; hy wie in konservatyf dy't neat hawwe moast fan it kommunisme, mar likemin hied er wat op mei it nasjonaal-sosjalisme. Yn 'e tritiger jierren en ûnder de Twadde Wrâldoarloch, doe't ekstreem-rjochtse sympatyen yn Argentynje sterk libben, wie Borges ien fan dejingen dy't har dêr it iepentlikst fan distansjearren. Doe't yn 1946 Juan Perón oan 'e macht kaam, dy't sels net twer wie fan ekstreem-rjochtse ideeën, krige Borges dêrfoar de rekken presintearre: fan syn baan by de bibleteek waard er "promovearre" ta ynspekteur fan plomfee en kninen op 'e gemeentlike merk fan Buenos Aires. Borges stapte fansels op, mar hy fergeat noch ferjoech dizze mislediging ea, en bleau de rest fan syn libben in fûleindich fijân fan 'e peronisten.
Underwilens wie Borges syn gesichtsfermogen fan it begjin fan 'e tritiger jierren ôf minder wurden, wat him ûngeskikt makke foar in soad foarmen fan wurk. Mei't er himsels as skriuwer net bedrippe koe, sette er útein mei it hâlden fan lêzings. Sadwaande waard er aloan mear in publyk figuer. Om syn anty-peronistyske hâlding waard er yn 1951 keazen ta foarsitter fan it Argentynsk Selskip fan Skriuwers (SADE), al waard dy organisaasje in jier letter troch de regearing-Perón ferbean. Nei't syn koarte ferhaal Emma Zunz yn 1954 ferfilme waard, begûn er ek filmsenario's te skriuwen. Yn 1955, doe't Perón by in steatsgreep it fjild romje moatten hie, kearde foar Borges it tij, en waard er oansteld as direkteur fan 'e Nasjonale Bibleteek fan Argentynje. Yn 1957 krige Borges in oanstelling as perfester literatuer oan 'e Universiteit fan Buenos Aires. Tsjin 'e ein fan 'e jierren fyftich wied er lykwols folslein blyn rekke. Hy skreau: "Mei sa'n prachtige irony / Skonk [God] my mei ien oanrekking boeken en de / Nacht."
Syn mem, dy't him altiten tige nei west hie, waard doe syn persoanlike siktaresse; hy learde nea braille. Yn 1967 troude Borges mei de doe koartby widdo wurden Elsa Astete Millán. Neffens wat freonen fan sines letter seine, wie dat fral op oanstean fan syn mem, dy't dat jiers njoggentich waard, en immen besocht te finen om Borges yn syn blinens te fersoargjen en om har rol as syn siktaresse oer te nimmen. It houlik wie lykwols gjin súkses, en duorre mar trije jier. Yn 1970 folge der in skieding, wêrnei't Borges wer by syn mem ynloek. Dêr bleau er oant har dea, yn 1976, doe't se 99 jier wie. Neitiid wenne er allinnich yn it lytse flatappartemintsje dat se dield hiene, en waard er fersoarge troch Fanny, dy't al jierren harren húshâldster west hie.
Erkenning Yn 1961 waard Borges foar it earst de Prix International takend, dy't er diele moast mei Samuel Beckett. Oant dy tiid wie Borges noch frijwol ûnbekend yn 'e Ingelsktalige wrâld, en de priis makke grutte belangstelling foar syn wurk los. De Universiteit fan Teksas te Austin stelde him foar in jier oan as heechlearaar, wat late ta syn earste lêzingetoernee troch de Feriene Steaten. Yn 1962 begûn er ek lêzingen te jaan yn Jeropa. Yn lettere desennia krige er in grut tal ynternasjonale prizen takend, lykas de Special Edgar Allan Poe Award fan 'e Mystery Writers of America foar syn bydrage oan it detektivesjenre (1976); de Balzanpriis foar filology, taalkunde en literêre krityk (1980); de Prix Mondial Cino del Duca (1980); de Cervantespriis (1980); en it Frânske Légion d'Honneur (1983). left|thumb|200px|Borges syn grêf.
De Nobelpriis foar de Literatuer krige Borges lykwols nea, wat him oanhâldend dwers siet. Hy sei: "My de Nobelpriis net ta te kennen is in Skandinavyske tradysje wurden; dat dogge se al sûnt ik berne bin." Men wol wol hawwe dat Borges by it Nobelkomitee efter it net fiske fanwegen syn konservative politike gedachteguod, of, om sekuerder te wêzen, om't er in ûnderskieding oannommen hie fan 'e Sileenske diktator Augusto Pinochet, in opmerklike die foar immen dy't Juan Perón te rjochts fûn.
Lêste jierren en dea Doe't Perón yn 1973 út ballingskip weromkaam en op 'e nij keazen waard ta presidint fan Argentynje, naam Borges daliks ûntslach as direkteur fan 'e Nasjonale Bibleteek. Fan 1975 oant syn dea wied er allegeduerigen op reis. Dêrby waard er beselskippe troch syn persoanlike assistinte María Kodama, in Argentynske fan mingd Dútsk-Japansk komôf. Yn april 1986, in pear moanne foar syn dea, troude er mei har fia in abbekaat yn Paraguay, op in manear dy't in soad Argentinen doe foar de moade hiene fanwegen de problematyske Argentynske wetjouwing op it mêd fan skieding en wertrouwen. Borges stoar op 14 juny 1986 yn Sjenêve oan 'e gefolgen fan leverkanker, en waard dêre ek begroeven, op it Cimetière des Rois.
Op grûn fan har koarte houlik mei de skriuwer en fan syn beide testaminten krige Kodama it nei syn dea foar it sizzen oer syn wurken. Har assertive behear fan Borges syn neilittenskip brocht har mei ûnderskate oare belanghawwenden yn oanfarring, lykas de Frânske útjouwerij Gallimard, oangeande de werpublikaasje fan Borges syn wurk yn it Frânsk. Se loek fierders alle publikaasjerjochten fan 'e besteande Ingelske oesettings yn, en liet yn it plak dêrfan nije fertalings meitsje, dy't sûnt de standertedysjes fan Borges syn wurken yn it Ingelsk wurden binne.
Wurk right|thumb|250px|Borges mei in stikmannich froulike fans (1976).