100px|right Skânsspringen is in sport dy't al fan de earste edysje fan de Olympyske Winterspullen ôf op it Olympyske programma stiet.

Skiednis Fanôf 1924 oant de Spullen fan 1964 waard der alinne sprongen op de Grutte delgong. Yn 1964 waard de gewoane delgong op it Olympyske Programma opnommen. De twadde fernijing kaam yn 1988 doe't der in lannewedstriid by kaam. Krekt foar de Spullen fan Fenkoever waard bekend dat der by de Spullen fan 2014 yn Sotsy it skânsspringen foar froulju op it programma komt.

Dissipline Manlju Dissipline 24 28 32 36 48 52 56 60 64 68 72 76 80 84 88 92 94 98 02 06 10 14 Grutte delgong X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X X Gewoane delgong X X X X X X X X X X X X X X Lannen X X X X X X X X

Froulju Dissipline 14 Normale delgong X

Medaljespegel De top tsien fan lannen dy't by it Skânsspringen medaljes wûn ha tidens de Olympyske Winterspullen. 1 Finlân 10 8 4 22 2 Noarwegen 9 9 12 30 3 Eastenryk 6 9 10 25 4 Dútslân 5 3 1 9 5 Switserlân 4 1 0 5 6 Japan 3 5 3 11 7 Poalen 3 3 1 7 8 East-Dútslân 2 3 2 7 9 Tsjechoslowakije 1 2 4 7 10 It Dútske Ienheidsteam 1 0 1 2 bywurke yn 2014