De Olympyske Winterspullen 1924, ek wol de Ie Olympiade neamd, waarden yn 1924 yn Chamonix, Frankryk hâlden. Dat wie fan 25 jannewaris oant en mei 5 febrewaris. It skânsspringen wie op de Le Tremplin Olympique du Mont It wie de earste kear dat it skânsspringen op it programma stie fan de Olympyske Spullen.
Le Tremplin Olympique du Mont Le Tremplin Olympique du Mont waard boud yn 1905 en yn de rin fan de jierren meerdere kearen renovearre. Yn 1924 wie de earste Olympyske skânsspringwedstriid op dizze skâns. De skâns is yn 2001 foar it lêst brûkt foar in ynternasjonale wedstriid.
Rekkenflater De Noar Thorleif Haug hie yn 1924 de brûnzen medalje wûn, mar yn 1974 die bliken dat der in rekkenflater makke wie en net Thorleif Haug de brûnzen medalje wûn hie mar de Amerikaan Anders Haugen.
Utslaggen Grutte delgong Manlju # Springer LânPunten Jacob Tullin Thams 18.960 Narve Bonna 18.689 Anders Haugen 17.916
1924 Skansspringen