De Olympyske Winterspullen 1936, ek wol de IVe Olympyske Winterspullen neamd, waarden yn 1936 hâlden yn de Dútske stêd Garmisch-Partenkirchen fan 7 oant en mei 16 febrewaris. It keunstriden wie yn it Olympia-Kunsteisstadion.

Olympia-Kunsteisstadion It Olympia-Kunsteisstadion is boud yn 1934 foar de Olympyske Winterspullen fan 1936. De iisbaan sels wie 30 meter bij 60 meter. It wie in diels oerdutsen stadion. It stadion hie plak foar 10,000 taskôgers. It stadion waard yn 1939 ferboud foar de Olympyske Winterspullen fan 1940 dy't troch de Twadde Wrâldkriich ôfsein waard. Nei de kriich waard it stadion yn 1948 fannijs iepene. Yn 1964 hawwe se it stadion folslein oerdutsen, wêrnei't der yn 1990 en 1994 nochris in ferbouwing wie.

Utslaggen Soloriden Manlju # Rider Lân Punten Karl Schäfer 422.7 Ernst Baier 400.8 Felix Kaspar 400.1 Froulju # Rider Lân Punten Sonja Henie 424.5 Cecilia Colledge 418.1 Vivi-Anne Hultén 394.7

Pearriden Mingd # Riders Lân Punten Maxi Herber Ernst Baier 11.5 Ilse Pausin Erik Pausin 11.4 Emília Rotter László Szollás 10.8

Medaljespegel De top-5 fan lannen dy't by it keunstriden medaljes wûn ha tidens de Olympyske Simmerspullen fan 1936. 1 Eastenryk 1 1 1 3 2 Dútslân 1 1 0 2 3 Noarwegen 1 0 0 1 4 Feriene Keninkryk 0 1 0 1 5 Sweden 0 0 1 1 Hongarije 0 0 1 1

1936 Kategory:Olympyske Winterspullen 1936