De Olympyske Winterspullen 1960, ek wol de VIIIe Olympiade neamd, waarden yn 1960 yn Squaw Valley, de Feriene Steaten hâlden. Dat wie fan 18 oant en mei 28 febrewaris. It keunstriden wie yn de Blyth Arena.

Blyth Arena De Blyth Arena waard boud yn 1959 foar de Olympyske Winterspullen fan 1960. It stadion hie plak foar 8.500 taskôgers. It stadion wie oan de súdside iepen fanwege it moaie útsjoch op de bergen. Yn 1983 is it stadion ôfbrutsen neidat it dak ynstoart wie ûnder de druk fan de snie. Op it plak fan it stadion kaam in parkearplak.

Utslaggen Soloriden Manlju # Rider Lân Punten David Jenkins 1440.2 Karol Divín 1414.3 Donald Jackson 1401.0 Froulju # Rider Lân Punten Carol Heiss 1490.1 Sjoukje Dijkstra 1424.8 Barbara Roles 1414.9

Pearriden Mingd # Riders Lân Punten Barbara Wagner Robert Paul 11.31 Marika Kilius Hans-Jürgen Bäumler 11.32 Nancy Ludington Ronald Ludington 11.03

Medaljespegel De top-3 fan lannen dy't by it keunstriden medaljes wûn ha by de Olympyske Winterspullen fan 1960. 1 Feriene Steaten 2 0 2 4 2 Kanada 1 0 1 2 3 It Dútske Ienheidsteam 0 1 0 1 Nederlân 0 1 0 1 Tsjechoslowakije 0 1 0 1

Utslaggen Fryske dielnimmers Keunstriden 1960

PlakUnderdielNammePuntenSoloriden FrouljuSjoukje Dijkstra1424.8

1960 Kategory:Olympyske Winterspullen 1960