De Kretinzyske See (Gryksk: Κρητικό Πέλαγος, Kritiko Pelagos), is dat part fan 'e Egeyske See en de Middellânske See, dat benoarden it Grykske eilân Kreta leit. De Kretinzyske See wurdt yn it suden begrinzge troch de noardkust fan Kreta; yn it westen troch de eilannen Kythira en Antikythira en troch de kust fan 'e Súdpeloponnezyske lânstreek Lakoanje; yn it noarden troch de eilannegroep fan 'e Sykladen; en yn it easten troch de eilannen Kassos, Karpatos en Roados. De grutste havenstêd oan 'e Kretinzyske See is Heraklion, op Kreta.
Kategory:See yn Jeropa Kategory:Rânesee fan de Middellânske See Kategory:Wetter yn Grikelân