thumb|Boat fan Ganymedes by de Canal Parade (Amsterdam Gay Pride 2015)
Ganymedes LGBT Studentenvereniging (yn it koart: Ganymedes) is yn desimber 2008 oprjochte troch in tal studinten út Grins om foar homoseksuële, biseksuële- en transseksuële (LGBT) studinten aktiviteiten en boarrels te organisearjen. Ganymedes is in studinteferiening wêr't LGBT-studinten yn Grins mei inoar yn kontakt komme. Ganymedes is te ferlykjen mei de "gay-straight alliances", sa't in protte Noard-Amearikaanse universiteiten hawwe. Ganymedes is in studinteferiening dy't gjin ûntgriening, yntroduksjetiid of in systeem mei jierklubs hat.
Keppeling om utens Webside Ganymedes
Kategory:Nederlânske studinteferiening Kategory:Ryksuniversiteit Grins Kategory:Homoseksualiteit yn Nederlân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2008