Jill Kelly Productions (JKP) wie in Amerikaanske pornografyske filmstudio, dy't yn oktober 1998 oprjochte waard troch pornoaktrise, -regisseur en -produsinte Jill Kelly. Begjin 2005 rekke Kelly der mei spul by wei, en yn april fan dat jier frege JKP fajisemint oan. Neitiid betelle it neakenblêd Penthouse $ 1.765.000,— om 'e boel fan JKP oer te nimmen, ynklusyf de rjochten op al publisearre films en hast sechstich films dy't wol klear wiene, mar noch útbrocht wurde moasten.
Kategory:Amerikaanske pornografyske filmstudio Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1998 Kategory:Bedriuw opheft yn 2005