thumb|Augusta de Wit (1898) Augusta de Wit (Sibolga, 25 novimber 1864 - Baarn, 9 febrewaris 1939) wie in Nederlânsk romanskriuwster, waans ferneamdste wurk de novelle Orpheus in de dessa wie (1903).
Biografy De Wit waard berne op Sumatra, dêr't heit Jan Carel de Wit residint wie. Sy brocht har iere jonkheid troch yn Ynje. Yn Utert die hja de HBS en studearre dêrnei Ingelsk yn Londen en Cambridge. Yn 1894 gie hja werom nei Ynje en waard learares oan in HBS yn Batavia. Dat wurk en it wenjen yn Batavia namen in protte fan har sûnens. Nei twa jierren foar de klasse, gie hja 1896 oan it wurk foar de Ingelsktalige krante Singapore Straits Times. De artikelen dy't hja foar dy krante skreau waarden bondele as Facts and fancies about Java (1898). It wie har debút yn it Ingelsk.
De Wit har wurk wurdt rekkene ta de literêre streaming fan de etisy. Benammen yn har iere wurk is de ynfloed fan de Tachtigers goed te fernimmen. Yn Gods goochelaartjes (1932) sei hja dat har wurk "schoone schijn die de omhullende openbaring is van schooner werkelijkheid" is. Har natuerbeskriuwings binne bot priizge.
De Wit stoar yn de âldens fan 75 jier. Sy waard beïerdige yn Oosterbeek.
Bibliografy Facts and Fancies about Java (1898) Verborgen Bronnen (1899) De godin die wacht (1903) Orpheus in de dessa (1903) Het dure moederschap (1907) Java: feiten en fantasiën (1907) Natuur en menschen in Indië (1914) De wake bij de brug (1918) De drie vrouwen in het Heilige Woud (1920) Een Javaan (1923) De avonturen van den muzikant (1927) De wijdere wereld (1930) Gods goochelaartjes (1932)
Keppeling om utens Biografyen, wurken en teksten by de Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (dbnl)
Kategory:Nederlânsk oriïntalist Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Sjoernalist yn Nederlânsk-Ynje Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk skriuwer yn it Ingelsk Kategory:Nederlânsk persoan berne yn Nederlânsk-Ynje Kategory:Persoan berne yn 1864 Kategory:Persoan stoarn yn 1939