De See fan Sardynje is dat diel fan 'e Middellânske See dat tusken it Italjaanske eilân Sardynje, it Frânske Korsika en de Spaanske Baleären yn leit. It djipste punt leit op likernôch 3.000 m, en is sitewearre sa'n 150 km noardwestlik fan it Baleaarske eilân Minorka. De Ynternasjonale Hydrografyske Organisaasje (IHO), dy't oer ynternasjonale toponymyske oantsjuttings op it mêd fan seeën giet, erkent de namme "See fan Sardynje" net, en tsjut dit wetter ynstee gewoan oan as Middellânske See.
Kategory:See yn Jeropa Kategory:Rânesee fan de Middellânske See Kategory:Wetter yn Frankryk Kategory:Wetter yn Itaalje Kategory:Wetter yn Spanje