thumb|260px|Oaljeraffinaderijen yn Balikpapan Balikpapan is in havenstêd op it Yndonesysk part fan Borneo, Kalimantan.
It is de twadde grutste stêd yn 'e provinsje East-Kalimantan, nei de provinsjale haadstêd Samarinda qua befolking.https://gis.dukcapil.kemendagri.go.id/peta/ Balikpapan leit oan de Strjitte Makassar en is in sintrum fan ierdoaljewinning, oaljeraffinaasje en houthannel. Njonken de Yndonezyske steatsoaljeûndernimming Pertamina, sitte der ek Frânske en Amerikaanske oaljemaatskippijen. De oaljewinning waard 1897 mei útein set en benoarden Balikpapan binne noch de yn Nederlân makke jaknikkers yn it wurk.
Om reden fan de oaljefjilden en de yndustry anneks waard der yn de Twadde Wrâldkriich swier fjochte om de stêd: Jannewaris 1942 kaam it ta de Slach om Balikpapan, febrewaris 1942 waard de stêd troch it Keizerlik Japansk leger ynnaam en july 1945 fan de Alliearden ferovere.https://web.archive.org/web/20120505051350/http://www.indonesianhistory.info/map/allied44.html
Balikpapan hat in ynternasjonale lofthaven (Sepinggan International Airport) en mear as ien haven; ien dêrfan is foar de ieroaljeútfier.
In wichtich part fan de befolking komt út oarde dielen fan Yndoneezje en bestiet út ûnder mear Dajaks, Banjar, Buginezen, Madoerezen en Javanen.
Stedsbyld
Berne yn Balikpan Frank Laufer (1935-2009), Nederlânsk fotograaf Cees Fasseur (1938), Nederlânsk histoarikus Jan-Just Bos (1939), Nederlânsk botanikus en presintator Janneke Schermers (1950), Nederlânsk politika Rob Robbers (1950), Nederlânsk roeier
Keppeling om utens
Kategory:Plak yn Yndoneezje Kategory:Plak stifte yn 1897