De Golf fan İzmir (Turksk: İzmir Körfezi), foarhinne bekend as de Golf fan Smyrna, is in baai oan 'e Lytsaziatyske kust fan 'e Egeyske See, sitewearre tusken it skiereilân Karaburun en it fêstelân fan Lyts-Aazje yn 'e omkriten fan 'e stêd Foça. It wetter is neamd nei de miljoenestêd İzmir (foarhinne Smyrna), dy't der oan 'e lânkant grutdiels omhinne teard leit. De Golf fan İzmir mjit 32 km fan noard nei súd en 16 km fan east nei west en beslacht in oerflak fan goed 960 km². It djipste punt hat in djipte fan 100 m. Der binne yn 'e baai treflike ankerplakken.

Keppeling om utens De Golf fan İzmir út de romte wei sjoen

Izmir Kategory:Baai fan de Middellânske See