Jennifer White, echte namme: Carly Anne Friedman (Agoura Hills (Kalifornje), 7 febrewaris 1988), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Joadsk komôf.
Karriêre Jennifer White is berne yn Agoura Hills yn 'e steat Kalifornje, dêr't se ek opgroeid is. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 52 kg. Yn 2009, doe't se ienentweintich jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn likernôch 150 pornofilms spile, foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Wicked Pictures, Digital Playground, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Red Light District, Pure Play Media en Digital Sin. Ek hat se in protte wurke foar pornosites op it ynternet, lykas BangBros en Reality Kings. Se hat sûnt 2011 seis nominaasjes foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht sleept.
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2011AEBN VOD Awardwûnbêste nijynkommelingen.f.t.AVN Awardnominearrebêste nije stjern.f.t.Urban X Awardnominearrebêste lesbyske sekssêne (mei Anjanette Astoria)The SessionXbiz Awardnominearrenije stjer fan it jiern.f.t.2012AVN Awardnominearrebêste orale sekssêneSloppy Head 3nominearrebêste point-of-viewsêne (mei Tim Von Swine)Jerkoff Material 62013AVN Awardnominearrebêste triosekssêne f/f/m (mei Giselle Leon en Mick Blue)Farm Girls Gone Badnominearrebêste anale sekssêne (mei Tom Byron)Star Wars XXX: A Porn Parody2014AVN Awardnominearrebêste aktriseThe Stripper
Keppelings om utens Biografy en filmografy fan Jennifer White yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Jennifer White yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1988