David Storey (folút: David Rhames Storey; Wakefield, 13 july 1933 – Londen, 27 maart 2017) wie in Britsk toanielskriuwer, senarioskriuwer, romanskriuwer en earder profesjoneel rugbyspiler.
Karriêre Storey waard berne yn 1933 yn Wakefield yn it Noardingelske Yorkshire, dêr't er ek de middelbere skoalle trochrûn. Letter studearre er oan 'e Slade School of Fine Art, yn Londen. Storey skreau syn earste roman yn 1960, titele This Sporting Life, wêrmei't er de MacMillan Fiction Award fan 1960 wûn. Oare bekroande romans fan him wiene Flight into Camden (1961), dy't yn 1961 de John Llewellyn Rhys Prize wûn en yn 1963 de Somerset Maugham Award; en Saville (1976), dêr't er yn 1976 de Booker Prize foar takend krige. Bekende toanielstikken fan him binne: The Restoration of Arnold Middleton, The Changing Room, The Farm, Cromwell, Home en Stages.
Storey skreau ek it senario foar de film This Sporting Life, út 1963, dat in ferfilming fan syn earste roman wie, regisearre troch Lindsay Anderson. Dy film wie it begjin fan in lange beropsmjittige gearwurking mei Anderson, dy't û.m. ek (yn 1975) Storey syn toanielstik In Celebration ferfilme. Home en Early Days (allebeide mei yn 'e haadrol sir Ralph Richardson) waarden tillefyzjefilms fan makke. Storey kaam yn 2017, yn 'e âlderdom fan 83 jier, te ferstjerren yn Londen.
Wurk 1960 – This Sporting Life 1961 – Flight into Camden 1963 – Radcliffe 1967 – The Restoration of Arnold Middleton 1969 – In Celebration 1970 – The Contractor 1970 – Home 1971 – The Changing Room 1972 – Pasmore 1973 – The Farm 20px Fryske oersetting: De Sate (fert. Klaas Bruinsma, 1991) (sjoch foar mear feiten ûnder "Boarnen") 1973 – Cromwell 1973 – A Temporary Life 1973 – Edward 1975 – Life Class 1976 – Saville 1977 – Mother's Day 1980 – Early Days 1980 – Sisters 1982 – A Prodigal Child 1984 – Present Times 1989 – The March on Russia 1992 – Storey's Lives: 1951-1991 (autobiografy) 1998 – A Serious Man 2002 – As it Happened
Kategory:Ingelsk romanskriuwer Kategory:Ingelsk toanielskriuwer Kategory:Ingelsk senarioskriuwer Kategory:Ingelsk autobiograaf Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Ingelsk rugbyspiler Kategory:Persoan berne yn 1933 Kategory:Persoan stoarn yn 2017