Yn de slach by Poitiers yn oktober 732 fersloech de Frankyske hofmeier Karel Martel in islamitysk leger fan emir Abd el Rahman. De útkomst fan dizze fjildslach brocht de ekspânsje nei it noarden fan de islam út Al-Andalus ta stilstân en wurdt assosjearre mei it begjin fan de reconquista. De 19e-iuwske Britske histoarikus Edward Creasy rekkene de slach by Poitiers ûnder de fyftjin meast beslissende fjildslaggen yn ‘e wrâld.

Foarspul Minder as hûndert jier nei it ûntstean fan de islam op it Arabysk Skiereilân en it ferstjerren fan de profeet Mohammed en de earste fjouwer kalifen, bedrigen de moslims yn Al-Andalus ferskillende kearen de Frânske gebieten. Odo fan Akwitaanje hie har dêr yn 721 ferdreaun, mar yn 725 kamen se werom. Diskear wie hartoch Odo net yn steat harren opmars te stopjen. Twongen ta ûnderhanneljen houlikte Odo syn dochter Lampegia út oan de Berberske moslimlieder Othmar (ek bekend ûnder de namme Munuza of Uthmān ibn Naissa), dat yn 'e kontekst fan doe delkaam op in polityk bûn. Dy alliânsje mei ûnleauwigen makke de Omajadyske machthawwers fan Al-Andalus dûm. Fral de gûverneur fan Al-Andalus, Abd er Rahman, beskôge dy alliânsje as ferried en it gefolch wie dat Munuza deade waard (731).

Yn 732 luts gûverneur Abd er Rahman oer de Pyreneeën, mooglik om de ûnrêst oan de noardgrins fan syn ryk te einigjen. Hy fersloech opnij Odo by Bordeaux, plondere dy stêd en luts fierder oant de Loire. In mooglik doel wie de katedraal fan Tours, der wie nammentlik in rabbel dat yn de katedraal in protte rykdom wie.

De lokaasje fan de slach is net bekend. De measte histoarisy nimme oan dat de Moarske troepen it leger fan Karel Martel moete by de gearfoeging fan de Clain en de Vienne tusken Tours en Poitiers. Yn de Angelsaksyske literatuer wurdt de slach meastal de Slach by Tours neamd.

De fjildslach Hofmeier Karel luts syn leger gear op in plak dêr’t er ferwachte dat it moslimleger lâns komme soe. Hy socht in definsive posysje út. Neffens de Mozarabyske kronyk stelde hy it leger op as in grut fjouwerkant. De earste seis dagen wiene der mar in pear lytse skermutselingen. Gjin fan beide partijen woe oanfalle. De Franken wienen goed klaaid op de kjeld en hienen it foardiel dat se it op bekend terrein wiene. Op dei nûmer san begûn de echte fjildslach.

Abd er Rahman fertroude op it numerike oerwicht fan syn kavalery en liet dizze meardere sjarzjes útfiere. It fertrouwen fan de moslims op harren numerike oerwicht en harren mei lange swurden bewapene kavalery, dy’t altyd soarge foar de oerwinning, wie dit kear mispleatst. De Frankyske soldaten hâlden harren grûn. Neffens Frankyske boarnen duorre de striid ien dei. Arabyske boarnen hawwe it oer twa dagen. Doe’t der flústere waard dat de Franken it út Bordeaux wei rôve guod bedrigen, wienen der in protte Arabyske soldaten nei it kamp werom woenen om it it guod te beskermjen. It like der op dat se flechtsje woenen en Abd er Rahman woe se tsjinhâlde, mar waard finzen nommen en fermoarde. Doe’t de nacht foel luts it Arabyske leger him werom.

Gefolgen It Arabyske leger luts him werom oer de Pyreneeën. Karel suvere yn de rin fan de jierren it gebiet tusken Arles en Avignon. De slach by Poitiers wurdt tradisjoneel beskôge as in kearpunt yn de opmars fan de islam yn Europa. De nederlaach betsjutte it begjin fan de delgong fan it Omajadyske Ryk. Foar it earst kaam der gjin oermastere guod binnen. De ekonomy fan it ryk stie lyk stil. De belestingen moasten omheech. Mei namme de Berbers waarden stadichoan sêd fan de Omajjaden. Doe’t in part fan it leger yn de Magreb neistjoerd waard om Sisylje te oermasterjen, folge dan ek fan 739 oant 742 de grutte Berberske opstân. Yn 740 waard ek op de Byzantynske grins yn de slach by Akroinon beskiedend ferlern fan Keizer Leo III. Yn 750 wie it nei de slach by de Zab dien mei it ryk.

Kategory:Militêr treffen yn 732 Kategory:Militêr treffen fan de Franken Kategory:Militêr treffen fan it Omajadyske Ryk