Tanner Mayes, echte namme: Jillian Courtney Glover (Adrian (Michigan), 31 maaie 1989), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en kollumniste fan Kostarikaansk komôf, dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Tanner Mays, Tanner Maze, Tanner Mayberry, Evangeline en Tanja. Neffens har offisjele opjefte is se 1.68 m, mei in gewicht fan 52 kg.

Libben en karriêre Tanner Mayes waard berne yn it plakje Adrian yn 'e steat Michigan, mar de middelbere skoalle folge se yn Fort Lauderdale, yn súdlik Floarida. Nei't se fan skoalle kommen wie, wurke se as in juridysk assistinte op in abbekatekantoar, foar't se yn 2008 mei de pornoyndustry yn 'e kunde brocht waard troch kollega-pornoaktrise Missy Mae.

Datselde jiers noch, koart foar har njoggentjinde jierdei, makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn likernôch 175 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Hustler, Diabolic Video, Zero Tolerance, New Sensations, Evil Angel en Pure Play Media. Mayes waard ûnder har fjouwerjierrige karriêre nominearre foar net minder as acht AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld). Ein novimber 2009 sette se útein mei it skriuwen fan in searje artikels foar it tydskrift Wack! Magazine, ûnder de titel Tanner Mayes' aDICKtion Issues. Yn 2012 loek se har werom út 'e pornoyndustry.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2010AVN Awardnominearrebêste nije stjern.f.t.nominearrebêste lesbyske groepsekssêne (mei London Keyes, Nicole Ray en Allyssa Hall)Girlgasmic 2nominearrebêste triosekssêne f/f/m (mei Lexi Belle en Erik Everhard)Jail Bait 6Xbiz Awardwûnbêste nije stjer fan it jier (publykspriis)n.f.t.XRCO Awardnominearrebêste nije stjern.f.t.nominearrecream dream ("wiete dream")n.f.t.2011AVN Awardnominearrebêste opfiering fan in striptiisFresh Pickednominearrebêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Prinzzess)Women Seeking Women 65nominearrebêste triosekssêne f/m/m (mei Michael Tierney en Criss Strokes)My Teen Swallows2012AVN Awardnominearrebêste sekssêne mei in pearke (mei Toni Ribas)Slutty & Sluttier 13nominearrebêste opfiering fan in striptiisSlutty & Sluttier 13

Keppelings om utens Offisjele webside fan Tanner Mayes Biografy en filmografy fan Tanner Mayes yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Tanner Mayes yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan Latino-komôf Kategory:Amerikaansk kollumnist Kategory:Amerikaansk persoan fan Kostarikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1989