Unrepresented Nations and Peoples Organization(UNPO) Lânkaart: hjoeddeistige leden yn kleur; eardere leden yn dûnkergriisOffisjele taal: IngelskHaadkertier: De Haach (Nederlân)Oprjochte: 11 febrewaris 1991Tal leden: 40 (ledetal 1 jann. 2024)

De Unrepresented Nations and Peoples Organization (UNPO), yn it Frysk de Organisaasje fan Net-Fertsjintwurdige Naasjes en Folken, is in demokratyske organisaasje dy't wurket as in alternatyf ynternasjonaal foarum foar naasjes en folken dy't harsels net fertsjintwurdige achtsje troch ien as mear oare leden fan 'e Feriene Naasjes. Op it stuit (1 jannewaris 2024) binne der 40 leden. Dêrûnder binne etnyske en religieuze minderheden, lânseigen folken, besette gebieten en de facto ûnôfhinklike steaten sûnder ynternasjonale erkenning. In diel fan de âld-leden hat no de status fan erkend selsstannich lân, en is no lid fan 'e Feriene Naasjes. Oaren hawwe troch it ûnderhanneljen mear selsbestjoer krigen. De UNPO, dy't eins in non-gûvernemintele organisaasje is, waard oprjochte yn 1991. De fiertaal is Ingelsk. De UNPO hat syn sit yn De Haach, Nederlân.

Organisaasje

Foarskiednis en oprjochting De skiednis fan 'e UNPO giet hielendal tebek nei 1960, doe't der al oerlis wie tusken foaroanlju fan 'e ûnderdrukte Oeigoerske minderheid yn Sina en fan it troch de Sinezen besette Tibet oer in mienskiplike ynternasjonale fertsjintwurdiging. De tiid wie dêr doe lykwols noch net ryp foar. Yn 'e jierren tachtich waard it idee nij libben ynblazen troch de yn Nederlân wenjende Tibetaanske Tsering Jampa, de Oeigoer Erkin Alptekin en de jurist Michael van Walt van Praag, dy't lange tiid de abbekaat fan 'e Dalai Lama wie. Der waarden kontakten lein mei oare groepen, en as sit waard De Haach útkeazen, mei't dêr ek it Ynternasjonaal Gerjochtshôf fêstige wie. De namme dy't foar de nije organisaasje betocht waard, de Unrepresented Nations and Peoples Organization (dy't mei syn earste beide letters ferwiist nei de Feriene Naasjes), wie "in boppeslach", sa't Onno Falkena sei, dy't der yn Frysk en Frij oer berjochte.

En sa waard op 11 febrewaris 1991 yn it Fredespaleis yn De Haach de UNPO oprjochte troch fyftjin leden: Armeenje; de Australyske Aboriginals; Estlân; Georgje; de Grykske minderheid yn Albaanje; de Koerden fan Irak; de Kordyljeraanske folken fan 'e Filipinen; de Krimtataren; Letlân; de Oeigoeren; Palau, Taiwan, Tatarstan, Tibet en West-Papoea. Dêrby wie der neffens Falkena ta fernuvering fan 'e Tibetaanske delegaasje frijwat strideraasje oer it prinsipe fan geweldleazens, dat de Dalai Lama al withoelang útdroech. Victor Kaseipo, de fertsjintwurdiger fan 'e Papoea-minderheid yn Yndoneezje, ferwurde it sa: "As der fleantugen mei bommen oerkomme, kin ik myn minsken net sizze dat se harren pylk en bôge dellizze moatte." Uteinlik waard der in kompromis sletten dat stelt dat elts folk it rjocht op selsferdigening hat, wylst tagelyk terrorisme skerp feroardiele waard. Sûnt syn oprjochting hat de UNPO him allegeduerigen ynset foar syn leden en foar frede en minskerjochten yn it algemien. Yn 1993 waard organisaasje nominearre foar de Nobelpriis foar de Frede.

Doelen De fisy fan 'e UNPO is om demokrasy te bekrêftigjen as in fûneminteel ûnderdiel fan 'e minskerjochten, om boargerlike en politike rjochten fan befolkingsgroepen en minderheden oer de hiele wrâld te ymplemintearjen, om it universeel rjocht op selsbeskikking en selsbestjoer te ûnderstypjen en om federalisme út te dragen as alternatyf foar sintralistyske steatsstruktueren. De organisaasje moediget geweldleaze metoaden oan om freedsume oplossings te finen foar konflikten en ûnderdrukking. De UNPO stipet syn leden by it ôftwingen fan harren minskerjochten, respekt foar harren kultuer en it ekologysk behâld fan harren wengebieten. Dêrta fersoarget de UNPO foar de oanwiisde fertsjintwurdigers fan syn leden opliedings op it mêd fan ynternasjonale wetjouwing, ynternasjonale gearwurking, diplomasy en public relations. Boppedat biedt de organisaasje foar syn leden in foarum wêryn't se harren soargen op ynternasjonaal nivo oankaartsje kinne en dat teffens foar oerlis brûkt wurde kin mei lykstimde naasjes en folken, dy't gauris mei itselde soarte swierrichheden kampe.

De UNPO is wijd oan 'e fiif prinsipes dy't fêstlein binne yn it UNPO-konvenant: it leauwe dat alle naasjes en folken inoars gelikensen binne en dêropta it ûnferfrjemdbere rjocht op selsbeskikking hawwe; de oertsjûging dat men jin hâlde moat oan 'e ynternasjonaal akseptearre standert fan 'e minskerjochten, sa't dy fêstlein is yn 'e Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske en oare ynternasjonale rjochtsuterings; de oertsjûging dat men jin hâlde moat oan it prinsipe fan demokratysk pluralisme en it ôfwizen fan totalitarisme, diktatuer en relieuze yntolerânsje; it útdragen fan geweldleazens en it ôfwizen fan terrorisme as in beliedsfoarm; it respektearjen fan alle naasjes, folken en befolkingsgroepen, dêrby eksplisyt ynbegrepen alle minderheids- en mearderheidsbefolkingsgroepen dy't yn itselde wengebiet libje as in UNPO-lid, mar ta oare etnyske, religieuze of linguïstyske groepen hearre. Alle UNPO-leden moatte dit konvenant ûndertekenje en neilibje. (Hjirby moat miskien opmurken wurde dat it selsbeskikkingsrjocht net automatysk it neistribjen fan in eigen ûnôfhinklike steat, of sels mar fan autonomy binnen in besteande steat ynhâldt. It ferwiist ienfâldichwei nei it rjocht fan alle folken en befolkingsgroepen om op demokratyske wize oer harren eigen politike status en harren ekonomyske, sosjale en kulturele ûntjouwing te beslissen. It útoefenjen fan dat rjocht kin in ferskaat oan útkomsten hawwe, útinoar rinnend fan folsleine ûnôfhinklikens oant folsleine yntegraasje yn in besteande steat.)

Ynfrastruktuer Njonken syn sit yn De Haach hat de UNPO ek in kantoar yn Brussel en in fertsjintwurdiging yn Sjenêve, en kin it him ferlitte op in netwurk fan assosjearre organisaasjes oer de hiele wrâld. De ynkomsten fan 'e UNPO besteane út 'e kontribúsje fan 'e leden en de jeften fan yndividuën en stiftings. De UNPO hat fan it begjin ôf oan syn eigen parseburoke ûnderholden, wêrmei't de organisaasje syn betrouberens fêstige hat troch, gauris as earste, nijs út 'e earste hân oer ôfhandige plakken en gebieten te fersprieden. Dêrby is de ynformaasje frijwol sûnder útsûndering objektyf bleken.

Liederskip

Siktarissen-generaal 1991–1998: Michael van Walt van Praag (Nederlân) 1997–1998: Tsering Jampa (Tibet) 1998–1999: Helen S. Corbett (de Australyske Aboriginals) 1999–2003: Erkin Alptekin (de Easttoerkestaanske Republyk) 2003–2018: Marino Busdachin (Itaalje) 2018–........: Ralph J. Bunche III (Feriene Steaten)

Foarsitters fan de Algemiene Gearkomste 1991–1993: Linnart Mäll (Estlân) 1993–1997: Erkin Alptekin (de Easttoerkestaanske Republyk) 1997–2001: Seif Sharif Hamad (Sansibar) 2001–2005: John J. Nimrod (de Assyriërs) 2005–2006: Göran Hansson (Skâne) 2006–2010: Ledum Mitee (de Ogony) 2010–2017: Ngawang Choephel Drakmargyapon (Tibet) 2017–........: Nasser Boladai (East-Balûtsjistan)

Lidmaatskip

Algemien De UNPO stiet iepen foar alle naasjes en folken dy't ûnder de folgjende omskriuwing (ôfkomstich fan 'e webside fan 'e UNPO) beflapt wurde kinne: in befolkingsgroep "dy't de wil hat om identifisearre te wurden as in naasje of folk, en dy't ferbûn wurdt troch in mienskiplik beërf dat histoarysk, rasiaal, etnysk, religieus of territoriaal wêzen kin. It kandidaat-lid kin ek in diel fan in folk wêze, besteande út in minderheid dy't op in part fan it foarâlderlik territoarium fan dat folk libbet, dat ynkorporearre is yn in oare steat as de steat dy't dat folk fertsjintwurdiget." Dêrby moat in organisaasje dy't in aspirant-lid fertsjintwurdigje wol, noch wol sjen litte dat er genôch oanhing ûnder de befolking hat dy't er represintearje wol.

Op it stuit (1 jannewaris 2024) hat de UNPO 40 leden. Dêrûnder binne etnyske en religieuze minderheden, lânseigen folken, besette gebieten en de facto ûnôfhinklike steaten sûnder ynternasjonale erkenning. Hoewol't UNPO-leden gauris ferskillende doelen hawwe, hawwe se ien ding mienskiplik: hja wurde op ynternasjonaal nivo (bygelyks troch de Feriene Naasjes of in soartgelikense organisaasje) net diplomatyk fertsjintwurdige (of inkeld mei in legere status, lykas Kosovo). Fan gefolgen is harren fermogen beheind om har soargen en swierrichheden foar it fuotljocht te bringen by mondiale organen dy't oanwiisd binne om de minskerjochten te beskermjen.

Guon leden wolle erkend wurde as ûnôfhinklike steaten. Yn it ferline is it de stiftsjende leden Armeenje, Estlân, Georgje en Letlân, dy't yn 1991 allegearre út 'e eardere Sovjet-Uny fuortkommen binne, slagge om dat doel te berikken. In oar stiftsjend lid, de eilannesteat Palau, yn 'e Stille Oseaan, dy't by de oprjochting fan 'e UNPO, yn 1991, noch in mandaatgebiet fan 'e Feriene Steaten foarme, en troch de strategyske belangen dy't de Amerikanen dêre yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch hiene fan ûnôfhinklikens wjerholden waard, koe him einlings yn oktober 1994 ta in selsstannige steat ûntjaan. En East-Timor, dat sûnt de ein fan it Portegeeske koloniaal bestjoer, yn 1975, ûnder in bloedige Yndonezyske besetting suchte, waard nei in referindum (holden yn 1999) yn 2002 ûnôfhinklik.

Oare âld-leden fan 'e UNPO hawwe troch ûnderhannelings in beskate foarm fan autonomy witten te berikken. Sa krige Atjeh yn 2006 selsbestjoer binnen it Yndonezyske steatsbestel as in "spesjale bestjoerlike regio" en sei it doe syn lidmaatskip fan 'e UNPO op (al die letter bliken dat de autonomy fral op papier bestiet, sadat Atjeh yn 2014 fannijs lid wurden is). Gagaûzje waard yn 1994 in autonome republyk binnen Moldaavje, in regeling dêr't de Gagaûzen sels earst noch harren twifels oer hiene, mar dy't nei ferrin fan hast fyftjin jier sa goed bliek te wurkjen dat se har lidmaatskip fan 'e UNPO opseine. En Bougainville, oftewol de Autonome Regio fan 'e Noardlike Solomoneilannen, sleat yn 2000 in fredesferdrach mei Papoea Nij-Guineä wêrby't selsbestjoer betongen waard, en boppedat dat der tusken 10 en 15 jier neitiid (tusken 2012 en 2017 dus) in referindum oer ûnôfhinklikens holden wurde sil.

Wer oare leden wisten har eigen doelen te ferwêzentlikjen. Sa koene de Nûhalk (of Bella Kûla), in Yndiaansk folk út 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, mei har lidmaatskip fan 'e UNPO de Kanadeeske autoriteiten op 't langelêst bewege om harren soargen oer de fersmoarging en ferneatiging fan harren wengebiet serieus te nimmen. In apart gefal wie de demokratyske opposysje fan Birma (lid fan 2008 oant 2010), dy't úthold dat de Birmeeske befolking troch de militêre diktatuer fan it lân net op ynternasjonaal mêd fertsjintwurdige waard. Nei't der einlings en te'n lêsten demokratyske herfoarmings yn Birma plakfûnen, skoarre de opposysje syn lidmaatskip fan 'e UNPO op.

Wat de rest fan 'e hjoeddeistige en histoaryske leden oanbelanget, binne (of wiene) der in stikmannich net-erkende (of net algemien erkende) mar feitlik ûnôfhinklike steaten dy't ynternasjonale erkenning hawwe wolle: Abgaazje, Kosovo, Somalilân en Taiwan. Dan binne der guon leden dy't ûnôfhinklik wurde wolle, lykas Súd-Kameroen, de Súd-Molukken en Tibet. Fierders guon etnyske minderheden dy't selsbestjoer (of mear selsbestjoer) hawwe wolle, lykas de Hongaren yn Roemeenje, de Rehobot-Basters fan Namybje en de Kordyljeranen op 'e Filipinen. En ek binne der in stik as wat lânseigen folken dy't stride foar it behâld fan harren kultuer en/of wengebiet, lykas de Ogony yn Nigearia, de Batwa yn Rûanda en de Djûmma-folken fan 'e Chittagong Hill Tracts yn Banglades. De Haratin fan Mauretaanje foarmje in apart en tige skrinend gefal: dat binne de neikommelingen fan swarte slaven dy't noch altiten yn in ferhoalen foarm fan slavernij libje (Mauretaanje wie ek it lêste lân op 'e wrâld dat offisjeel de slavernij ôfskafte, yn 1981).

Leden