It Evangeelje fan Bartoloméus is in missende en algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel.
It wurdt neamd yn ferskate ier-kristlike boarnen, mar is fierders ûnbekend. It hat wol kâns dat it ferlern gien is, mar it soe ek wêze kinne dat it in alternative namme is foar ien fan beide teksten dy't hjoed de dei bekendsteane as de Fragen fan Bartoloméus of de Weropstanning fan Jezus Kristus (troch Bartoloméus).
Bartoloméus, Evangeelje fan Kategory:Apokryf boek fan it Nije Testamint Kategory:Gryksktalich non-fiksjewurk Kategory:Aldgrykske literatuer Kategory:Kristlik non-fiksjewurk Kategory:Non-fiksjewurk út de Aldheid Kategory:Ferlern gien literêr wurk