Foarfallen 1370 - De Frede fan Stralsund makket in ein oan 'e oarloch tusken Denemark en de Hânze. 1571 - De Krimtartaren plonderje Moskou, wêrby't de stêd yn flammen opgiet. 1626 - Peter Minuit keapet Manhattan fan 'e Yndianen. 1639 - De Fryske kommandeur Gale Hamkes, op 'e walfiskfarder Oranjeboom út Harns, rêdt op 78° N.B., by Spitsbergen, de 20 oerlibjende bemanningsleden (fan 'e 86) fan 'e sonken Hoarnske walfiskfarder Spitsbergen. 1844 - It earste tillegram ea wurdt troch Samuel Morse fan Baltimore nei Washington, D.C. ferstjoerd, mei as ynhâld: "What hath God wrought?". 1895 - It passazjiersskip de Lucania, fan 'e rederij Cunard, wint de Blauwe Wimpel foar de fluchste oerfeart oer de Atlantyske Oseaan. 1956 - It earste Eurofyzjesongfestival wurdt holden, mei mar 7 dielnimmende lannen. Switserlân wint. 1960 - De PTT ferrjochtet yn Nederlân de miljoenste tillefoanoansluting. 1991 - Eritreä ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Etioopje. 1993 - Nei in troch de Feriene Naasjes beävensearre referindum wurdt de ûnôfhinklikheid fan Eritreä ynternasjonaal erkend. 2006 - Connexxion kriget it busferfier yn noardlik en súdwestlik Fryslân yn 'e hannen.
Berne 1619 - Philips Wouwerman, Nederlânsk keunstskilder en tekener († 1668) 1686 - Gabriel Fahrenheit, Dútsk natuerkundige († 1736) 1803 - prins Karel Lusiaan Bonaparte, Italjaansk-Frânsk biolooch († 1857) 1819 - keninginne Fiktoaria fan it Feriene Keninkryk († 1901) 1830 - Aleksej Savrasov, Russysk keunstskilder († 1897) 1895 - Marcel Janco, Roemeensk Israelysk keunstskilder en arsjitekt († 1984) 1901 - José Nasazzi, Oerûguayaansk fuotballer († 1968) 1904 - Chuhei Nambu, Japansk atleet (* 1997) 1910 - Jan van Wijhe, Nederlânsk politikus († 1987) 1920 - Sake van der Ploeg, Frysk fakbûnslieder, politikus en boargemaster († 1985) 1929 - Riekele Borger, Frysk-Dútsk assyriolooch († 2010) 1938 - Mathieu Sprengers, Nederlânsk sportbestjoerder († 2008) 1939 - Gert Schutte, Nederlânsk politikus († 2022) 1940 - Josef Brodsky, Russysk-Amerikaansk dichter († 1996) 1941 - Bob Dylan (Robert Allen Zimmerman), Amerikaansk sjonger, muzikant en lietsjeskriuwer 1947 - Sijtze Malda, Nederlânsk keunstner en muzikant 1987 - Déborah François, Waalsk aktrise
Ferstoarn 1153 - kening David I fan Skotlân (* 1084) 1543 - Nikolaus Copernicus, Poalsk astronoom (* 1473) 1696 - Albertine Agnes fan Nassau, regintesse fan Fryslân, Grinslân en Drinte (* 1634) 1850 - Jane Porter, Ingelsk skriuwster (* 1776) 1904 - Friedrich von Siemens, Dútsk ûndernimmer (* 1826) 1952 - Jelle Pieters Siebenga, Frysk bestjoerder (* 1868) 1972 - Asta Nielsen, Deensk aktrise (* 1881) 2001 - Hylkje Goïnga, Frysk skriuwster (* 1930) 2003 - Jaap Goeman Borgesius, Nederlânsk politikus (* 1929) 2014 - Billy Glide, Amerikaansk pornoakteur (* 1970) 2023 - Tina Turner, Switsersk/Amerikaansk sjongeres (* 1939)
Kategory:Datum 24