Foarfallen 841- Yn de Slach fan Fontenay leit Lotarius II in smaadlike nederlaach tsjin syn broer Loadewyk de Dútser en healbroer Karel de Keale. 1085 - Alfonso VI fan Kastylje werovert Toledo op de Moaren. 1521 - Keizer Karel V furdiget op de Ryksdei fan Worms it Edikt fan Worms út, dat Maarten Luther fûgelfaai ferklearret. 1659 - Richard Cromwell tsjinnet syn ûntslach yn as beskermhear (Lord Protector). Dêrmei komt in ein oan it Protektoraat, dat ferfongen wurdt troch it Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân. 1866 - De Feriening ta Befoardering fan Folksûnderwiis wurdt oprjochte. 1948 - Andrew Moyer krijt oktroai op syn metoade foar de massaproduksje fan penisilline. 1969 - De Lauwerssee wurdt ôfsletten en hjit no Lauwersmar. 1977 - By de Twadde Keamerferkiezings yn Nederlân hellet de PvdA ûnder lieding fan Joop den Uyl in histoaryske oerwinning mei 56 setels. 2008 - De Phoenix lannet op Mars
Berne 1860 - Gerard Slothouwer, Frysk skiedkundige († 1942) 1865 - Pieter Zeeman, Nederlânsk natuerkundige en Nobelpriiswinner († 1943) 1875 - Rommert de Bree, Frysk boer en ferieningsman († 1961) 1891 - Rinke Tolman, Frysk fjildbiolooch, publisist, oersetter en sjoernalist († 1983) 1896 - Jan Nicolaas Bakhuizen van den Brink, Frysk heechlearaar yn de skiednis fan it kristendom († 1987) 1904 - Orla Jørgensen, Deensk hurdfytser († 1947) 1911 - Hendrik Herman Douma, Frysk politikus († 1996) 1912 - Marshall Wayne, Amerikaansk keunstdûker († 1999) 1932 - Henk Smit, Frysk operasjonger († 2010) 1945 - Nicolaas Matsier, Nederlânsk skriuwer en aktivist 1950 - Evgeny Kûlikov, Russysk reedrider 1953 - Eve Ensler, Amerikaansk toanielskriuwster 1967 - JT Money, Amerikaansk rapper 1969 - Anne Heche, Amerikaansk aktrise, regisseur en senarioskriuwster († 2022) 1970 - Trevor Morris, Kanadeesk film- en tillefyzjekomponist 1974 - Bettina Campbell, Surinaamsk-Nederlânsk pornoaktrise
Ferstoarn 735 - Beda, Angelsaksysk mûnts en skiedskriuwer (* 672 of 673) 1008 - Matilde fan Saksen, grevinne-gemalinne fan Flaanderen (* 942) 1555 - Gemma Frisius, Frysk geograaf, wiskundige en dokter (* 1508) 1744 - foarst Karel Edzard fan Eastfryslân (* 1716) 1789 - Andreas Dahl, Sweedsk botanikus (* 1851) 1862 - Tiede Roelofs Dykstra, Frysk argivaris en bibletekaris (* 1820) 1878 - Pieter Klazes Pel, Frysk bestjoerder, dokter en froedmaster (* 1797) 1894 - Paulus Jan Bosch fan Drakestein, Nederlânsk politikus (* 1825) 1910 - Jitse de Groot, Frysk skoalmaster, bankdirekteur en ferieningsman (* 1844) 1989 - Jean Despeaux, Frânsk bokser (* 1915) 1992 - Johan Polak, Nederlânsk publisist (* 1928) 2001 - Paladine Roye, Amerikaansk keunstner (* 1946) 2004 - Ethel Portnoy, Nederlânsk skriuwster (* 1927) 2011 - Rian de Waal, Nederlânsk pianist (* 1958) 2012 - Edoardo Mangiarotti, Italjaansk skermer (* 1919) 2017 - Herman Gordijn, Nederlânsk keunstskilder (* 1932) 2020 - George Floyd (* 1973) 2022 - Wies van Dongen, Nederlânsk hurdfytser (* 1931) 2022 - Gijs de Lange, Nederlansk akteur (* 1956) 2024 - Klaas Dankert, Frysk politikus (* 1942)
Kategory:Datum 25