thumb|right|300px|Helena de Boer Helena de Boer (Snits, 16 febrewaris 1962) is in skriuwster en tekeneres.

Helena de Boer skreau en tekene de searje Bear Boeloe foar Omrop Fryslân. Ek makke hja ferskate boeken oer Bear Boeloe. Yn 2007 hat se besletten in punt efter de telefyzjesearje en de boeken te setten. De telefyzjesearje is trochgongen en se is nei in pear jier wer begûn mei it tekenjen en skriuwen fan ferhalen, as oan folling op werhellings en/of besteand yllustraasje-materiaal. Helena de Boer hat ek noch in oar berneboek makke en in bondeling fan gedichten mei tekenings.

Hja is fierder byldzjend keunstner en druïde en jout kursussen oan hûs yn Zorgvlied

Bibliografy Njonken har wurk foar de searje Bear Boeloe foar Omrop Fryslân hat Helena de Boer de neikommende boeken makke:

1995 - Bear Boeloe en de jonge poeskes 1997 - Bear Boeloe, oer hoopkes en húskes 1999 - Bear Boeloe, fûgeltsje 2002 - Bear Boeloe, lytse poppe 2002 - Maar die grijze klei (Mar dy grize klaai) poëzij mei tekenings 2004 - Bear Boeloe, broerke 2005 - De tredde doar (jeugdboek).

Keppeling om utens Eigen webstee Helena de Boer.

Kategory:Frysk tekener Kategory:Frysk berneboekeskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1962