Fidzjy is in lân yn Oseaanje op it súdlik healrûn. Fidzjy bestjit út 332 eilannen dêr't om-ende-by 110 fan bewenne binne. De grutste binne Viti Levu dêr't de haadstêd Suva op leit en Vanua Levu.
Geografy Lizzing De Fidzjy-eilannen wurde begrinzge troch de territoriale wetters fan: Tûvalû yn it noarden; De Salomonseilannen yn it westen; Fanûatû yn it suden; Wallis en Fûtûna en Tonga yn it easten.
Lânskip thumb|left|Fanua Levu fanôf see It gebiet bestiet út mear as 320 eilannen, dêr't guons atollen fan binne, guons fulkanyske eilannen en 110 fêst bewenne. De twa wichtichste eilannen binne: Fity Levu en Fanua Levu dy't beide bot berchich binne mei piken boppe de 1300 meter. De heechste pyk is de Tomanivy of Fiktoria, op 1324 meter.
De Fidzjy-eilannen hawwe in tropysk klimaat en binne bedekt mei tropyske bosken. De foar it each ûneinige strannen meitsje fan de eilannen in populêre fakânsje bestimming. Op Fity Levu leit de haadstêd, dêr't sawat trijefearn fan de totale befolking wennet.
De eilannen thumb|right|225px|Kaart mei de eilânkloften Fidzjy is ferdield yn de folgjende eilânkloften: Kadavu-eilannen Lau-eilannen Noardlike Lau-eilannen Súdlike Lau-eilannen Moala-eilannen Lomaiviti-eilannen Mamanuka-eilannen Rotûma Vanua Levu-eilannen Ringgoldeilannen Viti Levu-eilannen Yasawa-eilannen
Plakken Sjoch List fan stêden en doarpen yn Fidzjy
Skiednis De Fidzjy-eilannen binne ûntdekt waan troch Abel Tasman yn 1643. Dêr wienen spoaren fan bewenning troch Polyneezjers. Mar it duorre oant 1874 foar't de Ingelsen de basis foar in Britske koloanje leinen. Yn 1970 waard Fidzjy ûnôfhinklik, mar it bleau wol in part fan it Britske Mienebêst. Nei een steatsgreep yn 1987 waard Fiji in republyk.
Demografy Befolking De befolking fan de Fidzjy-eilannen besteane foar it grutste part út lânseigen Fidzjianen dy't fan Melanezysk komôf binne (54.3%), alhoewol't guons ek Polynezyske foarâlden hawwe, en Yndo-Fidzjianen (38.1%), ôfstammelingen fan Yndiaaske kontrakt-arbeiders dy't troch de Ingelsen yn de 19e iuw nei de eilannen brocht waarden. It persintaazje Ynjers is de lêste desennia lykwols tebek rûn as gefolch fan emigraasje yn gong set nei de kûp fan 2000 doe't nochal wat geweld brûkt is tsjin de Yndyske Fidzjianen. Fierders is der ek in lytse mar wichtige kloft fan ôfstammelingen fan kontrakt arbeiders fan de Salomonseilannen.
Religy De lânseigen Fizjianen binne foar it grutste part kristenen (97.2% neffens tellingen út 1996), de Yndyske Fidzjianen meast hindoes (70.7%) en moslims (17.9%). Oer de hiele befolking ferdield lizze de persintaazjes op: kristenen 64.5%, hindoes 27.9%, moslims 6.3%, sikhs 0.3%, oaren 0.3%, gjin 0.7% (telling 2007).
Talen De offisjele talen binne Fidzjaansk, dat ta de Austronezyske talen heart, Hindy en Ingelsk. De Yndiaaske befolking praat Fidzjiaansk-Hindoestaansk (ek wol "Fidzjy Dialooch"), yn oanfolling op it Hindi en Oerdû. Dat is ek de offisjele taal.
Dêrnjonken wurdt der ek Lauanysk Rotumanysk sprutsen.
Keppeling om utens CIAː World Fact Book - Fiji
Kategory:Lân yn Oseaanje Kategory:Melaneezje Kategory:Eilân yn de Grutte Oseaan Kategory:Histoaryske Britske koloanje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1970 Kategory:Republyk