Krissy Lynn, echte namme: Kristine Johnson (Salt Lake City, 14 desimber 1984), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise.

Libben Krissy Lynn is hikke en tein yn Salt Lake City, de haadstêd fan 'e steat Utah. Se hie har earste seksuële ûnderfining doe't se fjirtjin jier wie, en wurke nei't se mearderjierrich wurden wie in jier lang as stripper yn 'e ferneamde Utahaanske klub Southern Exposure. Dêrnei ferfear se nei Las Vegas, yn 'e steat Nevada, dêr't se yn Sapphire dûnse, in oare bekende stripklub. Yn Las Vegas besocht se ek geregeldwei de seksklub The Green Door, dêr't se mei guon pornoakteurs yn 'e kunde kaam.

Yn septimber 2008 tekene se in kontrakt by it topagintskip foar pornoaktrises LA Direct Models, en yn 2009, doe't se 25 jier wie, makke se har debút yn 'e pornografyske film I Love Big Toys 19. Yn totaal hat Lynn sûnt, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn mear as 200 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Vivid Entertainment, Hustler, Wicked Pictures en Evil Angel. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers en BangBros; sa die se har earste anale sêne yn maart 2010 foar Brazzers. Underwilens hat Krissy Lynn yn 2011 ien AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) wûn, wylst se noch seis nominaasjes foar oare AVN Awards yn 'e wacht sleept hat.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2011AVN Awardnominearrebêste groepsekssêne (mei 8 oaren)BatfxXx: Dark Night Parodynominearrebêste groepsekssêne (mei Carla Cox, Charley Chase, Nat Turnher en Mr. Pete)Slutty and Sluttier 11nominearreûnderwurdearre stjer fan it jiern.f.t.wûnbêste triosekssêne f/f/m (mei Kimberley Kane en Mr. Pete)The Condemned2012AVN Awardnominearrebêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei James Deen en Jordan Ash)Ass Worship 132014AVN Awardnominearrebêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Allie Haze, Fabine, Suzana Rhios, Bad Boy, Tyler Nixon, Roge en Michael Vegas)Adventures in Edennominearremeast seksy kontn.f.t.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Krissy Lynn Biografy en filmografy fan Krissy Lynn yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Krissy Lynn yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk stripper Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Persoan berne yn 1984