India Summer, echte namme: Jody Jean Olson (Des Moines, 26 april 1976), is in Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en pornoregisseur fan mingd Dútsk, Iersk, Ingelsk en Yndiaansk komôf, wa har namme oft ek wol (mis)stavere wurdt as India Summers.
Libben en karriêre India Summer is hikke en tein yn Des Moines, de haadstêd fan 'e steat Iowa, dêr't se opgroeide as in ienlingsbern. Op 'e middelbere skoalle die se oan hurddraven en cross country. Yn har middelbere-skoaljierren en yn har studintetiid hie se bybaantsjes as ferkeapster yn in juwelierswinkel en as strânwacht. Se hat in bachelorstitel yn ûnderwiiskunde.
Yn desimber 2005, doe't se 29 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. As artystenamme keas se "India Summer", dat se ûntliende oan it nûmer Indian Summer, fan 'e band The Doors. Yn septimber 2006 begûn se fulltime as pornoaktrise te wurkjen. Underwilens hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) al yn mear as 400 pornofilms spile, gauris fan it subsjenre fan 'e milfpornografy. Yn 2011 regissearre se har earste pornofilm, Perfect Fit. Yn jannewaris 2012 makke de Internet Adult Film Database (IAFD) bekend dat Summer "de aktyfste artyste yn 'e [porno]yndustry" wie, mei't se it foargeande jiers yn net minder as 78 ûnderskate film spile hie. Se hat in stikmannich prizen wûn, wêrûnder trije AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld): yn 2011 ien foar bêste aktrise, en yn 2012 ien foar milf/cougar-artyste fan it jier.
Njonken har aktearwurk posearret Summer ek foar neakenblêden en hat se lytse roltsjes hân yn 'e mainstream-tillefyzjesearjes Sons of Anarchy en Dexter. Summer is mear as tsien jier troud, mar is in swinger. Se omskriuwt harsels as "tige biseksueel", en docht oan yoga, tantryske seks en meditaasje.
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2010AVN Awardnominearrebêste aktriseDrill Baby Drill!CAVR Awardwûnmilf fan it jier n.f.t.2011AVN Awardnominearrebêste lesbyske triosekssêne (mei Dana DeArmond en Chastity Lynn)Lesbian House Hunters 1nominearrebêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Lorelei Lee)Private Independent 2: Open Invitation – A Real Swinger’s Party in San Francisconominearrebêste lesbyske groepsekssêne (mei 6 oaren)An Orgy of Exesnominearrebêste groepsekssêne (mei Lorelei Lee, James Deen en Mickey Mod)Private Independent 2: Open Invitation – A Real Swinger’s Party in San Francisconominearrebêste groepsekssêne (mei 13 oaren)Bonny & Clidenominearrebêste byrol fan in aktriseThe Sex Files 2: A Dark XXX Parodywûnbêste aktrisePrivate Independent 2: Open Invitation – A Real Swinger’s Party in San FranciscoXRCO Awardnominearremilf fan it jiern.f.t.2012AVN Awardnominearrebêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Prinzzess)Lesbian Sex 1nominearrebêste byrol fan in aktriseEternalwûnmilf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.Xbiz Awardwûnmilf fan it jier n.f.t.XRCO Awardwûnmilf-artyste fan it jier n.f.t.wûnûnderwurdearre stjern.f.t.2013AVN Awardnominearrebêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Prinzzess)Lesbian Sex 9nominearrebêste aktriseThe Graduate XXX: A Paul Thomas ParodyXRCO Awardnominearremilf-artyste fan it jiern.f.t.2014AVN Awardnominearrebêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Casey Calvert)Teach Me 3wûnmilf-artyste fan it jiern.f.t. 2015 AVN Awardnominearrebêste lesbyske groepsekssêne (mei oaren)Mysterious Wayswûnmilf-artyste fan it jiern.f.t. Xbiz Awardnominearrebêste byrol fan in aktrise Sexual Liberation of Anna Leenominearrebêste aktrise (couples-themed release)Swinger 4XRCO Awardwûnmilf-artyste fan it jiern.f.t.2016 Xbiz Awardwûnbêste aktrise yn in feature filmMarriage 2.0wûnbêste sekssêne yn in feature filmMarriage 2.0
Keppelings om utens Offisjele webside fan India Summer Biografy en filmografy fan India Summer yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan India Summer yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Kategory:Amerikaansk winkelbetsjinner Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoregisseur Kategory:Amerikaansk neakenmodel fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk regisseur fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1976