Jan Adolf Hillebrand (Lotte, 1786 – Ljouwert, 6 april 1846) wie in oargelbouwer út Westfalen dy't yn Fryslân wenne en wurke.
Libben en wurk Hillebrand festige him yn 1812 yn Ljouwert. Hy wie in learling en mei-oparbeider fan Albertus van Gruisen en Willem van Gruisen. Tegearre mei syn broer Gerhard Heinrich Hillebrand hie er in oargelmakkerij dy't 1835 tichgie. De tsjerke-oargels waarden boud foar fral tsjerken yn Fryslân.Orgbase.nl
List oargels (kar-út) Jier Plak Tsjerke OfbyldOpmerkings1813EasternijtsjerkSesiliatsjerke125pxIn 1831 uitgebreid door Willem van Gruisen1816RaerdLaurentiustsjerke125pxOargelmakkerij Reil út Heerde restaurearre it ynstrumint yn de jierren 2011-2012. It oargelfront waard werombrocht yn de kleuren fan foar 1909. By dy gelegenheid waard ek it yn 1909 oerskildere gerdyn wer bleatlein en restaurearre.1818De BurchHerfoarme tsjerke 125pxOargel fan J.M Gerstenhauer makke en troch J.A. Hillebrand foltôge1818NijewierHerfoarme tsjerke fan Nijewier125pxJohan Adolf Hillebrand hat it oargel sels net hielendal ôfmakke; dat hat N.A. Lohman yn 1822 dien.1820DrachtenGrutte Tsjerke125pxYn 1986 útwreide.1821AkkrumTerptsjerke125pxYn 1856 ferhûze nei de Koepeltsjerke fan Feanhuzen. 1831MantgumMarijetsjerkeYn 1879 ferfongen troch in oargel fan Van Dam en Soannen.1831MarrumGodehardustsjerke125pxIt oargel waard yn 1831 boud, mar it ynstrumint waard ôfkard en yn 1834 ôfmakke troch Lohman en Soannen. It ynstrumint waard nochal ris restaurearre en feroare, itjinge it oargel net altiten te'n goede kaam. Sûnt 1985 wie it ynstrumint net mear te bespyljen. Lang waard der hope op in restauraasje, dy't yn 2010 troch Mense Ruiter (Zuidwolde) yn gearwurking mei de oargelbedriuwen Flentrop Orgelbouw (Saandam) en Winold van der Putten (Finsterwolde) lang om let syn beslach krige. In pear jier wie der ek genôch jild om it oargel wer te foarsjen fan in selsstannich pedaal mei trije registers.
Kategory:Dútsk oargelbouwer Kategory:Frysk oargelbouwer Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1786 Kategory:Persoan stoarn yn 1846