Saskia Holleman (Ljouwert, 20 maaie 1945 - Amsterdam, 10 juny 2013) wie in Nederlânsk fotomodel, aktrise en abbekate.
Biografy Saskia Holleman siet yn Rijswijk (Súd-Hollân) op skoalle dêr't har talint foar aktearjen al dúdlik waard. Nei har eineksamen gie se nei de Akademie voor Kleinkunst, dêr 't se lykwols yn 1967 fanwegen opstannich gedrach tsjin de dosinten fuortstjoerd waard. Yn itselde jier hie se in lytse rol yn de debútfilm fan Martin Scorsese, I call first. Se figurearre dêrnei yn ferskate Nederlânske produksjes.
Holleman die 4 augustus 1970 mei oan in fotoshoot foar Sekstant, it blêd fan de NVSH. Hendrik Jan Koldewij makke 150 foto's fan in neakene Holleman yn in greide by Nootdorp. Ien fan dy foto's is yn 1971 brûkt foar de legindaryske ferkiezingsposter fan de PSP. Yn 1972 hie Holleman de haadrol yn de Nederlânske ferzje fan de hippymusical Hair.
Nei har stúdzje rjochten wurke Holleman 31 jier as strafadvokate. Yn de jierren tachtich wie hja bestjoerslid foar Nederlân fan Women’s World Banking, in organisaasje dy't mikrokrediten joech oan froulju yn de Tredde Wrâld.
Yn 2011 waard de PSP-affysje troch de besikers fan de tentoanstelling 'De kiezer' ferkeazen ta "bêste ferkiezingsposter sûnt 1918". Doe al slim siik posearre se foar it affysje dat har yn Nederlân ferneamd makke hie.
Sûnt 1972 wie hja de libbenspartner fan skriuwer en oersetter Peter Verstegen.
Films I call first fan Martin Scorsese (1967), as famke yn in dream Wet Dreams fan û.o. Lasse Braun en Jens Jørgen Thorsen (1974)
Musikals Hair, 1972, froulike haadrol
Keppelings om utens PSP-postervrouw Saskia Holleman overleden PSP-postervrouw Saskia Holleman (1945-2013): Bloot, beeldschoon en blij in de wei Saskia Holleman overleden De vrouw op de PSP-poster uit 1971
Kategory:Frysk model Kategory:Frysk neakenmodel Kategory:Frysk filmakteur Kategory:Frysk musicalakteur Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Nederlânsk model Kategory:Nederlânsk neakenmodel Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk musicalakteur Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1945 Kategory:Persoan stoarn yn 2013