In animaasjefilm is in film besteande út in rige frames wêrfan't de ynhâld stadichoan feroaret en dy't efterinoar opnommen binne, sadat de yllúzje fan beweging kreëarre wurdt. Foarmen hjirfan binne: tekenfilm, besteande út bylden dy't mei de hân of de kompjûter tekene binne stop-motion, besteande út bylden fan trijediminsjonale foarwerpen dy't tusken de opnommen frames troch hieltyd in bytsje fan posysje feroare wurde klaai-animaasje of claymation, besteande út bylden fan klaaipoppen