Loona Luxx, echte namme: Angelique Rey (Biarritz, 31 desimber 1979), is in rêstend Frânsk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Italjaansk-Koptysk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Loona Lux, Luna Luxx en Droona Lauren.

Libben Luxx waard berne op Aldjiersdei 1979 yn it Súdfrânske baaiplak Biarritz, oan 'e kust fan 'e Golf fan Biskaje. Hja waard yn 2008 ûntdutsen troch de Italjaanske pornoregisseur Francesco Fanelli en makke noch datselde jiers, op har 27ste, har debút yn dy syn pornografyske film Revenge. Luxx ferfear al rillegau nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Dêr wurke hja foar sokke foaroansteande pornolabels as Diabolic, Digital Sin, Evil Angel en New Sensations.

Yn totaal spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn rom fjirtich pornofilms, mar yn nammenstemear fideo's foar pornowebsiden. Dêrby wurke se gear mei stjerren as Rocco Siffredi en Lexington Steele. Luxx hat mei har wurk al seis nominaasjes foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht sleept, en ek hat se in kear nominearre west foar in Hot d'Or, de wichtichste Jeropeeske pornografypriis. Njonken har aktearkarriêre is Loona Luxx ek wurksum as model foar neakenblêden en as stripper.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2009AVN Awardnominearrebêste lesbyske groepsekssêneTop Wet Girlsnominearrebêste point of view-sênePole Position POV 8nominearrebêste opfiering fan in striptiisRawnominearrebêste triosekssêneSuperwhores 11nominearrebûtenlânsk artyste fan it jiern.f.t.Hot d'Ornominearrebêste Frânske artysten.f.t.2010AVN Awardnominearrebêste anale sekssêneAnal Buffet

Keppelings om utens Biografy en filmografy fan Loona Luxx yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Loona Luxx yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Frânsk neakenmodel Kategory:Frânsk stripper Kategory:Frânsk froulik pornoakteur Kategory:Jeropeesk pornoakteur fan Middeneastlik of Súdaziatysk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Egyptysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1979