thumb|200px|Wilkie Collins, foto Napoleon Sarony Wilkie Collins (Londen, 8 jannewaris 1824 – dêre, 23 septimber 1889) wie in Britsk skriuwer (fan romans en koarte ferhalen), toanielskriuwer en essayist. Hy wie tige populêr yn de Fiktoriaanske tiid. Hy skreau 30 romans, mear as 60 koarte ferhalen, 14 toanielstikken en goed 100 essays.
Collins wie in tiidgenoat en freon fan Charles Dickens. In tal fan syn wurken waarden ek foar it earst yn Dickens syn tydskriften Household Words en All the Year Round publisearre. Collins is it meast ferneamd fan de romans The Woman in White (1860) en The Moonstone (1868), beide foarrinners fan de detectiveroman mei noch skaaimerken fan de Goatyske roman, Armadale en No Name.
De publikaasje fan The Moonstone soarge foar sensaasje om reden fan de beskriuwings fan opiumferslaving dy't de roman joech. Wilkie Collins basearre dy foar in part op syn eigen ûnderfinings mei opium. Troch dy ferslaving hie Collins op letter jierren hieltiid mear te lijen fan waanfoarstellings. De meast wûnderlike dêrfan wie syn oertsjûging dat er konstant beselskippe waard fan in dûbelgonger, dy't er "Ghost Wilkie" neamde.
Wilkie Collins wie de âldste soan fan keunstskilder William Collins en in broer fan Charles Allston Collins, dy't ek skildere. Yn 1848 publisearre er in biografy fan syn heit mei de titel Memoirs of the Life of William Collins, Esq., R.A.
Wuk thumb|Wilkie Collins, 1850 Romans
Antonina, 1850 Basil, 1852 Mr Wray’s Cash Box, 1852 Hide and Seek, 1854 The Dead Secret, 1856 The Woman in White, 1860 No Name, 1862 Armadale, 1866 The Moonstone, 1868 Man and Wife, 1870 Poor Miss Finch, 1872 Miss or Mrs?, 1873 The New Magdalen, 1873 The Law and The Lady, 1875 The Two Destinies, 1876 The Haunted Hotel, 1878 The Fallen Leaves, 1879 A Rogue’s Life. From his birth to his marriage, 1879 My Lady’s Money, 1879 Jezebel’s Daughter, 1880 The Black Robe, 1881 Heart and Science, 1883 „I Say No“, 1884 The Evil Genius, 1886 The Guilty River, 1886 The Legacy of Cain, 1889 Blind Love, 1889
Keppelings om utens Memoirs of the Life of William Collins
Kategory:Ingelsk romanskriuwer Kategory:Ingelsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Ingelsk toanielskriuwer Kategory:Ingelsk publisist Kategory:Ingelsk essayist Kategory:Ingelsk sjoernalist Kategory:Ingelsk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1824 Kategory:Persoan stoarn yn 1889