Tarra White, echte namme: Martina Hlavač Mrakviová (Ostrava, 19 novimber 1987), is in Tsjechysk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en blogger, dy't berne is yn it Moravyske Ostrava doe't dat noch ûnderdiel útmakke fan Tsjechoslowakije. Yn it ferline hat se ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammes Tarra Light, Tara White, Terra White, Tarra, Susie, Chrissy, Ondreja, Marianna en Martha.
Libben Doe't se fiif jier wie, woe White skielk as se grut wie in stripper wurde, en oefene se it opfieren fan in striptiis yn 'e beslettenens fan har sliepkeamer. Doe't se trettjin wie, besleat se om ynstee in pornostjer te wurden, en oefene se om neaken te posearjen op har mem har hege hakken. Doe't har mem har dêrby trappearre en fan 'e ambysjes fan har dochter hearde, wie se not amused. Neffens eigen sizzen liet White har ûntfamje doe't se sechstjin wie. Op 19 novimber 2005, de deis dat se achttjin waard, makke White har debút yn har earste pornografyske film. Se siet doe noch op 'e middelbere skoalle, en de sêne, wêryn't se yn it iepenbier seks hie mei tsjinspiler Robert Rosenberg, waard lyk foar de Universiteit fan Praach opnommen.
Sûnt hat White neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 224 pornofilms spile en ferskate prizen wûn, mei dêrûnder in Goudene Stjer (de wichtichste Tsjechyske pornografypriis) en twa Hot d'Ors (de wichtichste Jeropeeske pornografypriis). Ek hat se ien (Amerikaanske) AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) en nominaasjes foar noch fiif oaren yn 'e wacht sleept. White, dy't yn 2006 in boarstfergrutting ûndergie, stie sûnt 2008 in tal jierren ûnder kontrakt by it Sweedske Private-label.
Njonken har aktearwurk hat hja ek in hoartsje in twawykliks bloch skreaun foar de searje Private Sexclusive. Yn 2010 ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn it Kalifornyske Los Angeles en trochbriek yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Sûnt maaie 2008 is White fierders ek wurksum, ûnder har wiere namme Martina Mrakviová, as ien fan 'e nijslêzeressen fan Red News, in programma op 'e webside fan it Tsjechyske TV Nova, wêryn't de froulike presintatrises strippe ûnder it oplêzen fan it nijs, krekt as by it Amerikaanske Naked News.
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2006Goudene Stjer (op 'e Eroatyske Show fan Praach)wûnbêste stjer fan it jiern.f.t.2007Sulverne Stjer (op 'e Eroatyske Show fan Praach)wûnbêste Tsjechyske pornoaktrise fan it jiern.f.t.2008FICEB Ninfa Awardwûnbêste byrol fan in aktriseWild Waves2009Hot d'Orwûnbêste Jeropeeske artysten.f.t.wûnbêste Jeropeeske aktriseBillionaire2010AVN Awardnominearrebêste sêne yn in bûtenlânske produksje (mei Nacho Vidal)Pornochic 17: Tarra WhiteErotixxx Awardwûnbêste ynternasjonale aktrisen.f.t.2011AVN Awardnominearrebêste solosekssêneSlutty and Sluttier 11nominearrebêste sêne mei dûbele penetraasje (mei Mick Blue en Denis Marti)Evil Anal 11nominearrebêste groepsekssêne (mei Carla Cox, Rocco Siffredi en Ian Scott)Tori, Tarra & Bobbi Love Rocco2014AVN Awardnominearrebêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Cayenne Klein, Mike Chapman, Marcus en Ian Scott)Cayenne Loves Roccowûnbêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Aleska Diamond, Anna Polina, Anissa Kate, Angel Piaff, Rita en Mike Angelo)The Ingenuous
Keppelings om utens Offisjele webside fan Tarra White Biografy fan Tarra White yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Tarra White yn e Internet Adult Film Database (IAFD)
Kategory:Tsjechysk neakenmodel Kategory:Tsjechysk stripper Kategory:Tsjechysk pornoakteur Kategory:Tsjechysk blogger Kategory:Moravysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1987