Yurizan Beltran, echte namme: Yurizan Beltrán Lebanue (Los Angeles, 7 novimber 1986 - Bellflower (Kalifornje), 13 desimber 2017),Sophie Inge, Porn Star Yuri Luv (31) Dead, yn: The Daily Mail, 15 desimber 2017 wie in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't earder ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Yurizan en Yuri Luv.

Libben en karriêre Beltran wie hikke en tein yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Har heit wie in Frânsk-Kanadees, ôfkomstich út 'e provinsje Kebek, wylst har mem fan Brazyljaansk komôf wie. Yn 2005 sette Beltran útein mei har eigen eroatyske webside, SweetYurizan.com, wêrby't se har yn 't earstoan beheinde ta neakenfotografy. Yn 2010 makke se har debút yn in pornografyske film.

Dêrnei spile se yn hast 100 pornofilms, wylst se dêrnjonken yn 2008 ek in roltsje hie yn 'e mainstream-horrorfilm Werewolf in a Women's Prison. Yn totaal waard Beltran seis kear nominearre foar in AVN Award (de Oskars fan 'e pornowrâld), en dêropta ien kear foar in XRCO Award en twa kear foar in NightMoves Award. Yn 2016 beëinige se har karriêre yn 'e pornoyndustry. Op 13 desimber 2017 waard se dea oantroffen yn har hûs yn Bellflower (Kalifornje). Beltran waard 31 jier âld. De plysje fermoede dat de deadsoarsaak in oerdoasis drugs wie.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2009AVN Awardnominearreynternetstjer fan it jiern.f.t.2010AVN Awardnominearrebêste lesbyske groepsekssêne (mei Mai Ly, Lela Star en Alyssa Reece)Not Monday Night Football XXXXbiz Awardnominearreynternetbabe fan it jiern.f.t.2011AVN Awardnominearrebêste ynternetstjern.f.t.2012AVN Awardnominearreûnderwurdearre stjer fan it jiern.f.t.NightMoves Awardnominearrebêste Latino-akteur 2013 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Nyomi Banxxx en Chanel Preston)Training Day: A Pleasure Dynasty Parody NightMoves Award nominearre bêste aktrise út in etnyske minderheid n.f.t. Sex Award finaliste favorite webside fan in pornostjer (foar YuriLove.com) n.f.t. 2014 AVN Award nominearre ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t. Xbiz Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Allie Haze)Lesbians Unchained XRCO Award nominearre ûnbesongen sirene n.f.t.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Yurizan Beltran Biografy en filmografy fan Yurizan Beltran yn 'e Internet Movie Database

Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan Latino-komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Brazyljaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Frânsk-Kanadeesk komôf Kategory:Persoan dy't omkommen is troch in by fersin ynnommen oerdoasis medisinen of drugs Kategory:Persoan berne yn 1986 Kategory:Persoan stoarn yn 2017