Cherokee, echte namme: Tiffany Paige Adams (Erlanger (Kentucky), 12 jannewaris 1982), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en pornoregisseur fan Sjeroky-komôf; dêrfandinne har artystenamme. Se moat net betize wurde mei in oare Amerikaanske pornoaktrise, Cherokee d'Ass, dy't fan Afro-Amerikaansk komôf is.

Libben Cherokee is hikke en tein yn it plakje Erlanger, yn 'e steat Kentucky. Se is tige lyts fan stal, mei in lingte fan 1.50 m en in gewicht fan 52 kg. Yn 2002, doe’t se tweintich jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt spile se yn likernôch 260 pornofilms, foar labels as Vivid, Mile High Productions, Evil Angel, Wicked Pictures en Jill Kelly Productions. Fierders wûn Cherokee yn 2004 de Exotic Dancer Award yn 'e kategory bêste nije optreden. Yn 2006 regisearre se foar it earst in pornofilm. Yn 2011 loek se har út 'e pornoyndustry werom.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2004Exotic Dancer Awardwûnbêste nije optredenn.f.t.

Keppelings om utens Biografy en filmografy fan Cherokee yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Cherokee yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk stripper Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoregisseur Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk neakenmodel fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk stripper fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk regisseur fan Yndiaansk komôf Kategory:Persoan fan Sjeroky-komôf Kategory:Persoan berne yn 1982