Erica Fontes (Lissabon, 14 maaie 1991), is in rêstend Portegeesk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't nei eigen sizzen (op har webside) de iennichste profesjonele pornoaktrise út har heitelân is. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m, mei in gewicht fan 50 kg.
Libben Fontes is hikke en tein yn 'e Portegeesk haadstêd Lissabon. Se makke har debút yn 'e pornografyske film Diario Sexual de Maria yn july 2009, doe't se achttjin jier wie. Datselde jiers noch stie se op 'e eroatyske ekspo Salão Erótico de Lisboa. Yn 2010 briek se troch yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Se hat ûnderwilens neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn hast 60 pornofilms spile, foar labels as Digital Sin, Hustler, Evil Angel, New Sensations, Woodman Entertainment, Jules Jordan Video en West Coast Productions. Dêrnjonken wurke se ek foar websiden as BangBros, BlacksOnBlondes en NaughtyAmerica. Se stiet derom bekend dat se ynterrasiale pornografy net út 'e wei giet.
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2012Galaxy Awardnominearrebêste pornoaktrise fan it jiern.f.t.2013Xbiz Awardwûnbûtenlânsk artyste fan it jiern.f.t.
Keppelings om utens Offisjele webside Biografy en filmografy fan Erica Fontes yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Erica Fontes yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Kategory:Portegeesk neakenmodel Kategory:Portegeesk stripper Kategory:Portegeesk pornoakteur Kategory:Persoan berne yn 1991