Amy Ried (Frankfurt, 15 april 1985), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en pornoregisseur, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenamme Devin Valencia en wa har namme oft ek wol stavere wurdt as "Amy Reid" of "Amy Reed". Hja stammet ôf fan 'e Yndianen, de Cajuns (de Frânsktalige kolonisten fan 'e Mississippy (rivier)Mississippydelta) en fan Dútske ymmigranten.

Libben en karriêre Ried waard berne yn it Dútske Frankfurt, dêr't har heit doedestiden as Amerikaansk soldaat stasjonearre wie. Doe't se ien jier âld wie, waard har heit oerpleatst nei súdlik Kalifornje en ferfear it gesin dêrhinne. Dat wie wêr't Ried opgroeide en wêr't se letter twa jier lang meganyske boukunde studearre oan 'e Kalifornyske Polytechnyske Steatsuniversiteit Pomona (California State Polytechnic University, Pomona).

Amy Ried makke yn 2005, doe't se tweintich jier wie, har debút yn 'e pornografyske film Young Ripe Mellons 7. Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 220 pornofilms spile, wylst se der ek twa sels regisearre hat. Yn oktober 2007 tekene se in kontrakt mei Third Degree Films; yn oktober 2009 stapte se oer nei New Sensations. Se hat net minder as trije AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld) wûn, twa yn 2007 en ien yn 2010. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m, mei in gewicht fan 54 kg.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn 2007FAME Awardwûnfavorite froulike nijynkommelingn.f.t. AVN Awardwûnbêste anale sekssêneBreakin' 'Em In #9wûnbêste striptiisMy Plaything: Amy Ried2008Adam Film World Guide Awardwûnkontraktstjer fan it jiern.f.t.2010AVN Awardwûnbêste sekssêne mei in pearke30 Rock: A XXX Parody

Keppelings om utens Offisjele webside fan Amy Ried Biografy en filmografy fan Amy Ried yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Amy Ried yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk stripper Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoregisseur Kategory:Amerikaansk neakenmodel fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk stripper fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk regisseur fan Yndiaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan fan Cajun-komôf Kategory:Persoan berne yn 1985