Kate More, echte namme ûnbekend (Súd-Beierlân, 13 july 1978), is in rêstend Nederlânsk pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Kate Moore, Kate Moor, Rachel en Amanda.
Karriêre More waard berne yn it doarp Súd-Beierlân, yn 'e Hoekske Waard, mar groeide op yn Rotterdam. Hja makke yn 1998, doe't se tweintich jier wie, har debút yn in pornografyske film. Datselde jiers noch wûn se de Hot d'Or, de wichtichste Jeropeeske pornografypriis, yn 'e kategory bêste Jeropeeske nijynkommelinge, foar har rol yn 'e film La Marionnette. Yn 1999 sleat se in eksklusyf kontrakt ôf mei it Sweedske Private-label. Letter ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se oan in stikmannich Amerikaanske pornofilms meiwurke. Yn 2006 loek se har úteinlik werom út 'e pornoyndustry; se hie doe neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn totaal yn 51 films spile.
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn1999Hot d'Orwûnbêste Jeropeeske nijynkommelingeLa Marionnette2000FICEB Ninfa Awardwûnbêste lesbyske sêne (mei Nikki Anderson en Sylvia Saint)Alexia and Cie
Keppelings om utens Biografy en filmografy fan Kate More yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Kate More yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Kategory:Nederlânsk pornoakteur Kategory:Persoan berne yn 1978