De Zollernalbkreis is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1973 oprjochte.
Stêden en gemeenten thumb|left|Kaart lânkring neffens gemeenteyndieling. {| !align=left width=50%|Stêden |- valign=top || Albstadt Balingen Burladingen Geislingen Haigerloch || Hechingen Meßstetten Rosenfeld Schömberg
!align=left width=50%|Gemeenten |- valign=top || Bisingen Bitz Dautmergen Dormettingen Dotternhausen Grosselfingen Hausen am Tann Jungingen || Nusplingen Obernheim Rangendingen Ratshausen Straßberg Weilen unter den Rinnen Winterlingen Zimmern unter der Burg |} Albstadt en Balingen binne Große Kreisstädte.
Gearwurkingsferbannen Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
Gemeindeverwaltungsverbände (GVV). Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
In Gemeindeverwaltungsverband yn 'e lânkring is: GVV Oberes Schlichemtal mei de sit yn Schömberg; oansletten leden binne: de stêd Schömberg en de gemeenten Dautmergen, Dormettingen, Dotternhausen, Hausen am Tann, Ratshausen, Weilen unter den Rinnen en Zimmern unter der Burg.
Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften binne: VVG fan 'e stêd Albstadt mei de gemeente Bitz. VVG fan 'e stêd Balingen mei de stêd Geislingen. VVG fan 'e gemeente Bisingen mei de gemeente Grosselfingen. VVG fan 'e stêd Hechingen mei de gemeenten Jungingen en Rangendingen. VVG fan 'e stêd Meßstetten mei de gemeenten Nusplingen en Obernheim. VVG fan 'e gemeente Winterlingen mei de gemeente Straßberg.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.Dútske wikipedy oer Gemeindeverwaltungsverband, ferzje 27 maaie 2024.
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.Dútske wikipedy oer Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaft, ferzje 27 maaie 2024.
Kategory:Distrikt yn Baden-Wuertemberch Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1973