Leilani Leeane, echte namme ûnbekend (Lancaster (Kalifornje), 1 oktober 1992), is in Amerikaansk neakenmodel, dûnseresse en pornografysk aktrise fan mingd etnysk komôf, wa har artystenamme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Leilani Leeanne of Leilani Leanne. Ek hat se wol wurke ûnder de namme Stacie Danielle.
Libben en karriêre Leilani Leeane is berne yn Lancaster, yn 'e steat Kalifornje. Har heit wie Portorikaansk en har mem Filipynsk - Afro-Amerikaansk.
Hja begûn mei it meitsjen fan amateurpornografy doe't hja achttjin wie en makke yn 2011 har debút yn in pornografyske film fan profesjonele makkelei, nei't in agint út 'e pornoyndustry kontakt mei har opnommen hie nei oanlieding fan har profylside op 'e webside ModelMayhem. Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) al yn mear as sechstich films spile, foar labels as Evil Angel, West Coast Productions, Kick Ass Pictures en Zero Tolerance. Dêrnjonken wurket se as neakenmodel en go-go-dûnseresse. Se wennet yn Hollywood, Los Angeles, en is neffens har offisjele opjefte 1.60 m lang mei in gewicht fan 52 kg.
Prizen en Nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn 2012NightMoves Awardnominearrebêste nije stjern.f.t. Urban X Awardwûnopkommende froulike stjern.f.t.nominearrebêste triosekssêne mei Riley Reid en Ashley JaneRevenge of the Petitesnominearrebêste triosekssêne mei Megan Vaughn en Mike AdrianoBlack Anal Addictionnominearrebêste anale sekssêne mei Skin Diamond en Mike AdrianoBlack Anal Addictionnominearrebêste sekssêne mei in pearke mei Erik EverhardRacially Motivated 3 2013 AVN Awardnominearrebêste lesbyske groepsekssêne mei Riley Reid en Ashley JaneRevenge of the Petitesnominearrebêste nije stjern.f.t.nominearrebêste point-of-viewsekssêne mei Vince VouyerPOV Junkie 5XCritic Fans Choice Awardnominearrebêste nije stjern.f.t.
Keppelings om utens Offisjele webside fan Leilani Leeane Biografy fan Leilani Leeane yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Leilani Leeane yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Kategory:Amerikaansk dûnser Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk dûnser fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk neakenmodel fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan Polynezysk of Filipynsk komôf Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan Latino-komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Filipynsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Portorikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1992