Tübingen is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1934 oprjochte.
Stêden en gemeenten thumb|left|Kaart lânkring neffens gemeenteyndieling. Stêden Mössingen Rottenburg am Neckar Tübingen {| !align=left width=50%|Gemeenten |- valign=top || Ammerbuch Bodelshausen Dettenhausen Dußlingen Gomaringen Hirrlingen || Kirchentellinsfurt Kusterdingen Nehren Neustetten Ofterdingen Starzach
De trije stêden Mössingen, Rottenburg am Neckar en Tübingen binne alletrije in Große Kreisstadt.
Gearwurkingsferbannen Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
Gemeindeverwaltungsverbände (GVV). Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
In Gemeindeverwaltungsverband is: GVV Steinlach-Wiesaz mei de sit yn Gomaringen; oansletten gemeenten binne: Dußlingen, Gomaringen en Nehren.
Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften binne: VVG fan 'e stêd Mössingen mei de gemeenten Bodelshausen en Ofterdingen. VVG fan 'e stêd Rottenburg am Neckar mei de gemeenten Hirrlingen, Neustetten en Starzach.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.Dútske wikipedy oer Gemeindeverwaltungsverband, ferzje 27 maaie 2024.
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.Dútske wikipedy oer Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaft, ferzje 27 maaie 2024.
Kategory:Distrikt yn Baden-Wuertemberch Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934