De Lânkring Tuttlingen is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1934 oprjochte.

Stêden en gemeenten thumb|left|Kaart lânkring neffens gemeenteyndieling. {| !align=left width=50%|Stêden |- valign=top || Fridingen an der Donau Geisingen Mühlheim an der Donau || Spaichingen Trossingen Tuttlingen

!align=left width=50%|Gemeenten |- valign=top || Aldingen Balgheim Bärenthal Böttingen Bubsheim Buchheim Deilingen Denkingen Dürbheim Durchhausen Egesheim Emmingen-Liptingen Frittlingen Gosheim Gunningen || Hausen ob Verena Immendingen Irndorf Kolbingen Königsheim Mahlstetten Neuhausen ob Eck Reichenbach am Heuberg Renquishausen Rietheim-Weilheim Seitingen-Oberflacht Talheim Wehingen Wurmlingen

Tuttlingen is de iennige Große Kreisstadt fan 'e lânkring.

Gearwurkingsferbannen Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:

Gemeindeverwaltungsverbände (GVV). Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).

Gemeindeverwaltungsverbände binne: GVV Donau-Heuberg mei de sit yn Fridingen an der Donau; oansletten gemeenten: de stêden Mühlheim an der Donau en Fridingen an der Donau, dêrnjonken ek de gemeenten Bärenthal, Buchheim, Irndorf, Kolbingen en Renquishausen. GVV Heuberg mei de sit yn Wehingen; oansletten gemeenten: Bubsheim, Deilingen, Egesheim, Gosheim, Königsheim, Reichenbach am Heuberg en Wehingen. GVV Immendingen-Geisingen mei de sit yn Geisingen; oansletten gemeenten: de stêd Geisingen en de gemeente Immendingen.

Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften binne: VVG fan 'e stêd Spaichingen mei de gemeenten Aldingen, Balgheim, Böttingen, Denkingen, Dürbheim, Frittlingen, Hausen ob Verena en Mahlstetten. VVG fan 'e stêd Trossingen mei de gemeenten Durchhausen, Gunningen en Talheim. VVG fan 'e stêd Tuttlingen mei de gemeenten Emmingen-Liptingen, Neuhausen ob Eck, Rietheim-Weilheim, Seitingen-Oberflacht en Wurmlingen. In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.Dútske wikipedy oer Gemeindeverwaltungsverband, ferzje 27 maaie 2024.

De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.Dútske wikipedy oer Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaft, ferzje 27 maaie 2024.

Kategory:Distrikt yn Baden-Wuertemberch Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934