Jerichower Land is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Saksen-Anhalt en hat 89.914 ynwenners (2023). It distrikt waard yn syn hjoeddeistige foarm oprjochte yn 2007.

Skiednis De lânkring ûntstie yn 1994 troch de gearfoeging fan 'e distrikten Burg en Genthin en de gemeente Mangelsdorf út de Kreis Havelberg. De namme ferwiist nei de Prusyske lânkringen Jerichow I en Jerichow II. By de weryndieling fan 2007 waard de lânkring opheft en yn in nije, gruttere lânkring mei deselde namme foarme. It súdlike part fan 'e nije lânkring bestiet út gemeenten dy't earder by de lânkring Anhalt-Zerbst hearden.

Stêden en gemeenten De lânkring telt acht Einheitsgemeinden. De stêden binne yn fette letters. Biederitz Burg Elbe-Parey Genthin Gommern Jerichow Möckern Möser

Kategory:Distrikt yn Saksen-Anhalt Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2007