De Kreis Kleef (Dútsk: Kreis Kleve) is in bestjoerlik distrikt yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen en hat 308.085 ynwenners. It distrikt waard yn syn hjoeddeistige foarm oprjochte yn 1975.

Skiednis Dielen fan Kreis Kleve binne lang in ûnderdiel fan Gelderlân (meast Opper-Gelre) west en de Nederlânske ynfloeden binne dêrom hjir en dêr noch te sjen, bygelyks yn nammen, de arsjitektuer en yn it kreiswapen dêr't de heraldyske linkerhelte (rjochts) de goudene liuw fan Gelre stiet. Oan de súdkant dêrfan wie it ek ta de Nederlannen hearrende hartochdom Gulik (dat is no Jülich). It âlde Opper-Gelre en de fan oarsprong Kleverlânsk pratende befolking yn it Hartochdom Kleef binne yn de twadde helte fan de 19e iuw stadichoan ferdútske. Oant fier yn de 19de iuw waard it Nederlânsk yn dit gebiet as amtstaal brûkt, en oant de Twadde Wrâldkriich waard it Nederlânsk sels noch yn ûnderskate tsjerken brûkt as tsjerketaal. Adolf Hitler ferbea it Nederlânsk noch langer te brûken fan 1936 ôf oan.

Geografy Kleef leit yn it noardwesten fan Noardryn-Westfalen tsien kilometer besuden de rivier de Ryn, yn it Dútske Nederryngebiet. It grinzet oan de Nederlânske provinsjes Gelderlân, Limburch yn it westen en oan de Kreisen Borken yn it noarden, Wesel yn it easten en oan Viersen yn it suden. It distrikt kin de meast Nederlânske Kreis fan Dútslân neamd wurde. It dialekt fan Kleef en omkriten, it Kleverlânsk, wurdt taalkundich sels ta it Nederlânsk rekkene.

Stêden en gemeenten

StêdenGemeenten Emmerik (Emmerich am Rhein) Gelderen (Geldern) Goch Kalkar Kevelaer Kleef (Kleve) Rees Straelen Bedburg-Hau Issum Kerken Kranenburch Rheurdt Uedem Wachtendonk Weeze

Untjouwing ynwennertal Jier Ynwenners Boarne 1816 36.895 Johann Georg von Viebahn Statistik und Topographie des Regierungs-Bezirks Düsseldorf 1836, s. 109 1835 44.203 1871 47.517 Gemeindelexikon für das Königreich Preußen 1885 1880 50.532 1890 52.724 Deutsche Verwaltungsgeschichte, 2015-01-12 1900 59.642 1910 71.326 1925 80.810 1939 87.462 1950 89.013 1960 98.500 1970 107.900 Statistisches Jahrbuch für die Bundesrepublik Deutschland 1972 1980 258.850 Landesdatenbank Nordrhein-Westfalen 1990 269.149 2000 299.362 2010 307.807

Kategory:Distrikt yn Noardryn-Westfalen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1975