De Landkreis Heilbronn is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1938 oprjochte. It gebiet fan 'e lânkring omklammet de stêd Heilbronn, mar dy makket gjin diel út fan de lânkring.
Stêden en gemeenten Yn 'e lânkring lizze de folgjende stêden en gemeenten: left|thumb|Kaart lânkring neffens gemeenteyndieling. {| !align=left width=50%|Stêden |- valign=top || Bad Friedrichshall Bad Rappenau Bad Wimpfen Beilstein (Wuerteberch) Brackenheim Eppingen Güglingen Gundelsheim Lauffen am Neckar || Löwenstein Möckmühl Neckarsulm Neudenau Neuenstadt am Kocher Schwaigern Weinsberg Widdern
!align=left width=50%|Gemeenten |- valign=top || Abstatt Cleebronn Eberstadt Ellhofen Erlenbach Flein Gemmingen Hardthausen am Kocher Ilsfeld Ittlingen Jagsthausen Kirchardt Langenbrettach Lehrensteinsfeld Leingarten || Mutlangen Massenbachhausen Neckarwestheim Nordheim Obersulm Oedheim Offenau Pfaffenhofen Roigheim Siegelsbach Talheim Untereisesheim Untergruppenbach Wüstenrot Zaberfeld
Bad Rappenau, Eppingen en Neckarsulm binne Große Kreisstädte.
Gearwurkingsferbannen Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
Gemeindeverwaltungsverbände (GVV). Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
Gemeindeverwaltungsverbände yn 'e lânkring binne: GVV Flein-Talheim mei de sit yn Flein; oansletten gemeenten binne: Flein en Talheim. GVV Oberes Zabergäu mei de sit yn Güglingen; oansletten gemeenten binne: de stêd Güglingen en de gemeenten Pfaffenhofen en Zaberfeld. GVV Raum Weinsberg mei de sit yn Weinsberg; oansletten gemeenten binne: de stêd Weinsberg en de gemeenten Eberstadt, Ellhofen en Lehrensteinsfeld. GVV Schozach-Bottwartal mei de sit yn Ilsfeld; oansletten gemeenten binne: de gemeenten Abstatt, Ilsfeld en Untergruppenbach en de stêd Beilstein.
Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften yn 'e lânkring binne: VVG fan 'e stêd Bad Friedrichshall mei de gemeenten Oedheim en Offenau. VVG fan 'e stêd Bad Rappenau mei de gemeenten Kirchardt en Siegelsbach. VVG fan 'e stêd Brackenheim mei de gemeente Cleebronn. VVG fan 'e stêd Eppingen mei de gemeenten Gemmingen en Ittlingen. VVG fan 'e stêd Lauffen am Neckar mei de gemeenten Neckarwestheim en Nordheim. VVG fan 'e stêd Möckmühl mei de gemeenten Jagsthausen en Roigheim en de stêd Widdern. VVG fan 'e stêd Neckarsulm mei de gemeenten Erlenbach und Untereisesheim. VVG fan 'e stêd Neuenstadt am Kocher mei de gemeenten Hardthausen am Kocher en Langenbrettach. VVG fan 'e gemeente Obersulm mei de stêd Löwenstein. VVG fan 'e stêd Schwaigern mei de gemeente Massenbachhausen.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.Dútske wikipedy oer Gemeindeverwaltungsverband, ferzje 27 maaie 2024.
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.Dútske wikipedy oer Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaft, ferzje 27 maaie 2024.
Kategory:Distrikt yn Baden-Wuertemberch Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1938