Landkreis Harz is in lânkring yn 'e Dútske dielsteat Saksen-Anhalt mei 208.804 ynwenners (2023). It distrikt waard oprjochte yn 2007.

Skiednis De lânkring ûntstie op 1 july 2007 by de twadde weryndieling yn Saksen-Anhalt troch de gearfoeging fan 'e eardere distrikten Halberstadt, Wernigerode, Quedlinburg en dielen fan Aschersleben-Staßfurt (de stêd Falkenstein).

Bestjoerlike yndieling De lânkring is ferdield yn 13 ienheidsgemeenten en ien ferbânsgemeente mei sân oansletten gemeenten. Stêden wurde mei fette letters wjerjûn. Gemeenten Ienheidsgemeenten Ballenstedt Blankenburg am Harz Falkenstein Halberstadt Harzgerode Huy Ilsenburg Nordharz Oberharz am Brocken Osterwieck Quedlinburg Thale WernigerodeFerbânsgemeente Vorharzoansletten gemeenten: Ditfurt Groß Quenstedt Harsleben Hedersleben Schwanebeck Selke-Aue Wegeleben (bestjoerssintrum)

Kategory:Distrikt yn Saksen-Anhalt Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2007