De lânkring Erding is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Beieren. De lankring waard yn 1939 oprjochte. Große Kreisstadt is de stêd Erding.

Gemeenten Fan 'e 26 gemeenten yn 'e lânkring binne twa in stêd en twa in Markt. thumb|left|Gemeenteyndieling fan 'e lânkring. Stêden: Dorfen Erding, Große Kreisstadt

Märkte: Isen Wartenberg Oare gemeenten: Berglern Bockhorn Buch/Buchrain Eitting Finsing Forstern Fraunberg Hohenpolding Inning/Holz Kirchberg Langenpreising Lengdorf Moosinning Neuching Oberding Ottenhofen Pastetten Sankt Wolfgang Steinkirchen Taufkirchen (Vils) Walpertskirchen Wörth

Verwaltungsgemeinschaften De lânkring hat seis saneamde Verwaltungsgemeinschaften*. Tusken heakjes steane de oansletten gemeenten.

Verwaltungsgemeinschaft Hörlkofen (mei de sit yn Wörth; dielnimmende gemeenten: Walpertskirchen en Wörth). Verwaltungsgemeinschaft Oberding (dielnimmende gemeenten: Eitting en Oberding). Verwaltungsgemeinschaf Oberneuching (mei de sit yn Neuching; dielnimmende gemeenten: Neuching en Ottenhofen). Verwaltungsgemeinschaf Pastetten (dielnimmende gemeenten: Buch/Buchrain en Pastetten). Verwaltungsgemeinschaf Steinkirchen (dielnimmende gemeenten: Hohenpolding, Inning/Holz, Kirchberg en Steinkirchen). Verwaltungsgemeinschaf Wartenberg (dielnimmende gemeenten: Markt Wartenberg, Berglern en Langenpreising).

(*) In Verwaltungsgemeinschaft (bestjoersmienskip) yn Beieren is in gearwurking fan oan inoar buorjende gemeenten fan 'e selde lânkring, wêrby't de gemeenten polityk selsstannich bliuwe. In Verwaltungsgemeinschaft fiert publike taken út om se foar de dielnimmende gemeenten better út te fieren. Sa'n Verwaltungsgemeindschaft wurdt troch leden út de dielnimmende gemeenten fertsjintwurdige (yn 'e regel in boargemaster en in gemeenteriedslid). It gemeentekantoar fan 'e Verwaltungsgemeinschaft fersoarget de administraasje en ûnderstipet de dielnimmende gemeenten.Dútsk lemma oer de Verwaltungsgemeinschaft yn Beieren, ferzje 4 juny 2024.

Kategory:Distrikt yn Beieren Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1939