Freudenstadt is in bestjoerlik distrikt yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1938 oprjochte.
Stêden en gemeenten Yn 'e lânkring lizze de folgjende stêden en gemeenten: thumb|left|Gemeenteyndieling lânkring Freudenstadt.
!align=left width=50%|Stêden |- valign=top || Alpirsbach Dornstetten || Freudenstadt Horb am Neckar
!align=left width=50%|Gemeenten |- valign=top || Bad Rippoldsau-Schapbach Baiersbronn Empfingen Eutingen im Gäu Glatten Grömbach || Loßburg Pfalzgrafenweiler Schopfloch Seewald Waldachtal Wörnersberg
Freudenstadt en Horb am Neckar binne Große Kreisstädte.
Gearwurkingsferbannen Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingesferbannen:
Gemeindeverwaltungsverbände (GVV). Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
In Gemeindeverwaltungsverband yn 'e lânkring is: GVV Dornstetten mei de sit yn Dornstetten; oansletten gemeenten: de stêd Dornstetten en de gemeenten Glatten, Schopfloch en Waldachtal.
Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften yn 'e lânkring binne: VVG fan 'e stêd Freudenstadt mei de gemeenten Bad Rippoldsau-Schapbach en Seewald. VVG fan 'e stêd Horb am Neckar mei de gemeenten Empfingen en Eutingen im Gäu. VVG fan 'e gemeente Pfalzgrafenweiler mei de gemeenten Grömbach en Wörnersberg.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.Dútske wikipedy oer Gemeindeverwaltungsverband, ferzje 27 maaie 2024.
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.Dútske wikipedy oer Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaft, ferzje 27 maaie 2024.
Kategory:Distrikt yn Baden-Wuertemberch Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1938