Aletta Ocean, echte namme Dora Varga (Boedapest, 14 desimber 1987), is in Hongaarsk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Hja hat yn it ferline ek wol de artystenammen Artemis Gold, Aletta Florencia, Aletta Alien, Aletta en Doris brûkt.

Libben Aletta Ocean wie in studinte ekonomy, doe't se yn 2006 Miss Toerisme Hongarije waard en yn 'e Miss Hongarije-ferkiezing by de seis finalisten einige. Neitiid begûn se as model te wurkjen en yn 2007 makke se har debút, op oantrúnjen fan har doetiidske freon, yn in pornografyske film. In healjier letter joech se har stúdzje deroan om har folslein op har karriêre as pornoaktrise te konsintrearjen.

Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn hast 180 films spile, foar labels as Private, Evil Angel, Digital Playground, New Sensations, Zero Tolerance en Jules Jordan Video. Dêrby is se almeast wurksum yn Jeropa, mar yn 2009 brocht se fiif moannen foar opnamen troch yn 'e Feriene Steaten. Njonken har akteurwurk hat Aletta Ocean ek posearre foar neakenblêden, lykas de Penthouse en de Hongaarske Playboy.

Prizen en Nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn 2006Miss Hongarije-ferkiezingfinalisten.f.t.n.f.t.Miss Toerisme Hongarije-ferkiezingwûnn.f.t.n.f.t.2009Hot d'Ornominearrebêste Jeropeeske stjern.f.t. 2010 AVN Awardwûnbêste bûtenlânske artyste fan it jiern.f.t.wûnbêste sekssêne yn in produksje opnommen yn it bûtenlânDolls House2013Xbiz Awardnominearre bêste bûtenlânske artyste fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Aletta Ocean Biografy fan Aletta Ocean yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Aletta Ocean yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Hongaarsk model Kategory:Winneresse fan in missferkiezing Kategory:Hongaarsk neakenmodel Kategory:Hongaarsk stripper Kategory:Hongaarsk froulik pornoakteur Kategory:Persoan berne yn 1987